T2T flyer detailTusken Twa Tuorren

Foar ynwenners fan Wergea en omstreken wurdt der in foarferkeap hâlden foar de foarstelling Tusken Twa Tuorren yn novimber. Dizze foarferkeap is moandei 16 july yn Jeugdsoos SZDRNZLL, fan 19:00 oant 20:30 oere. De kaarten kostje 17,50 it stik, ynklusyf in drankje. Allinnich kontant beteljen mooglik.

Soch foar mear ynformaasje de Havensbank of www.denoordersmederij.nl

A5 VK ZT Flyerserie UDT32 detailTusken Twa Tuorren

Sa njonkelytsen is it projekt Under de Toer, ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân, kulturele haadstêd fan Europa 2018, rûnom yn Fryslân bekend. Twaentritich doarpen mei krektsafolle foarstellings fan jannewaris oant ein novimber dit jier. En Wergea komt as lêste oan bod mei it multykulturele stik Tusken Twa Tuorren.

Fear of missing out
Hjoed-de-dei hawwe in protte minsken lêst fan it gefoel dat se belangrike saken misse, benammen op it mêd fan digitale media. Yn geef Frysk neamme wy dat fear of missing out (FOMO). Mar de lêste moannen heart men hieltyd mear minsken dy’t dat gefoel ek ha nei oanlieding fan foarstellings dy’t mei de Kulturele haadstêd te meitsjen ha en dan foaral mei foarstellings út it projekt Under de Toer. Nim bygelyks Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert of Anna Maria van Schurman yn Wiuwert. Doe’t der gjin kaarten mear te krijen wienen, doe hearde men de minsken fan: ‘Och, wat hie ik dêr graach hinne wollen! Mar it koe net mear, útferkocht!’

Lees meer: Tusken Twa Tuorren - kaartferkeap

Bedrijven
    
Tweets

12-07-2018 21:35
RT @teatsen: De inschrijving voor het Wraldkampioenskip is gesloten. Met een opgaaf van 53 partuur gaan we zaterdag los, een prachtig aanta…


06-07-2018 22:01
RT @teatsen: De opgaaf gaat als een trein, er staan al 41 partuur op de lijst. Je hebt nog een week om je op te geven via https://t.co/K4qE


29-06-2018 21:40
RT @vvWarga: Op 6 juli organiseren we samen met de scholen uit @wergeacom, #Warten en #Wirdum een voetbalmixtoernooi voor kinderen uit gr.…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube