www.wergea.com

20081222, Soad reekskea by brân Wergea
Op 22-12-2008 21:41
Der hat sneintejûn brân west yn in wenhûs oan de Marren yn Wergea. De bewenners rûkten tsjin tolven in brânlucht en ûntdutsen brân yn de keamer by de televyzje. Se hawwe de brânwacht belle en binne it hûs útgien.
De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle, mar der is wol in soad reekskea ûntstien.



By de brân yn Wergea ûntstie frijwat skea.

Bron: Omrop Fryslân
, 22-12-2008

Laatste wijziging: 24-01-2010 14:15

PDF