www.wergea.com

20100102, It jieroersjoch Boarnsterhim 2009 by Lokaal Besjoen
Op 23-12-2009 19:07

 

Op sneon 2 jannewaris, de earste sneon fan it nije jier 2010, is der fan 11.00 – 14.00 oere it “Lokaal Besjoen Jieroersjoch 2009”. Hjiryn komme, sa as wenst, de meast wichtige aktualiteiten en nijsfeiten fan it jier 2009 foarby.

It gehiel is gearstald troch presintator Eelke Bosma, ôfwiksele mei de muzikale hits fan it jier 2009. en dizze binne per moanne útsocht troch Arnold Postma. De technyk en rezjy is yn hannen fan Ronald Niemarkt.

Fansels wurdt it jier-waar-oersjoch fersoarge troch de fêste waarman Piet Paulusma en sil it foarút- en weromsjoch fan de Mid Fryslan ek de revue passearje.

Jo kinne de lokale omrop “De Boarnsterstim” ûntfange op de 105.6 MhzFM yn de eter, de 96.1 MhzFM op de kabel en fia de live-stream op de webside www.boarnsterstim.nl


Laatste wijziging: 23-12-2009 19:10

PDF