De FNP yn Boarnsterhim wol dat op koarte termyn wurk makke wurdt fan twa ferkearsûnfeilige situaasjes yn Wergea. Dêrta sil de partij op 25 maaie yn de gemeenteried fan Boarnsterhim fragen stelle.
It giet as earste om de krusing fan De Terp mei de Nije Ljouwerterwei, dêr't no al geregeld lytse ûngelokken plakfine. Alhoewol't de gemeente de gefaarlike situaasje ûnderskriuwt, wurdt der neat oan dien.
De twadde situaasje giet oer de flauwe bochten by de opritten fan de Palmabrêge. By glêdens komme dêr geregeld auto's op it fytspaad en dat soarget foar gefaarlike situaasjes. Pleatslik Belang Wergea en ek de FNP wolle dat dêr in fangrail pleatst wurdt.
De fragen binne hjirûnder (mei ynlieding) yntegraal werjûn.
Fragen foar de riedsgearkomste tiisdei 25 maaie 2010
Gefaarlike ferkearssituaasjes Wergea
Ynlieding:
De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Boarnsterhim hat fernommen dat op de jiergearkomste fan Pleatslik Belang Wergea (PBW) fan 15 maart praat is oer de ûnfeilige krusing fan De Terp/Nije Ljouwerterwei yn Wergea. De gearkomste fan Wergea wie unanym fan miening dat de krusing werynrjochte wurde moast yn ferbân mei de ûnfeiligens foar de fytsers dêre en mei it each op it grut tal lytse ûngefallen en botsingen dy't dêr hast foarkommen binne. PBW wol graach ynspraak hawwe oer de wize fan werynrjochtsjen fan de krusing.
Wy hawwe begrepen dat der al trije jier oer dizze krusing praat wurdt, de miening fan PBW ek folslein ûnderskreaun wurdt troch de gemeente, dat der tasizzings dien binne mar dat der al dy tiid noch neat dien is.
Fierder hawwe bewenners op 15 maart de gefaarlike situaasje by de opritten fan de Palmabrêge oankaarte. It probleem dêr is dat der flauwe bochten binne, dêr't it gefaar driget dat autoferkear by slippen (op in glêde dyk) op it net beskerme fytspaad komt. Dat soks net ûnrealistysk is hat ôfrûne winter bliken dien. Der hawwe ferskate slippartijen west wêrtroch in soad auto's op it fytspaad kommen binne (sels ien kear mei in oanhinger). Gelokkich wienen der op dat stuit gjin fytsers, mar it hie slim ôfrinne kinnen. Dêrom dat PBW om in fangrail tusken autodyk en fytspaad frege. In fysike skieding yn 'e foarm fan in hage soe by in 60km-dyk net foldwaande wêze.
Op 31 maart is in brief fan PB Wergea ferstjoerd nei wethâlder Jager mei in kopy nei de gemeenteried. Wy hawwe neitiid noch neat fernommen en dêrom stelt de FNP de neikommende fragen:
Fragen:
1. Is it Kolleezje ree de ûnfeilige krusing De Terp/Nije Ljouwerterwei yn Wergea wer yn te rjochtsjen? Sa nee, wêrom net en wat binne jim al fan doel? Sa ja, op hokker termyn sil ien en oar dien wurde? Wolle jim PBW foar de dúdlikens op koarte termyn definityf berjochtsje?
2. Hawwe jim kundskip nommen fan de ferkearsgefaarlike situaasje by de Palmabrêge? Is it Kolleezje fan B&W ree om dêr in fangrail te pleatsen om sa ûngelokken yn 'e takomst foar te kommen?
Bron:FNP Fraksje Boarnsterhim, Dhr. Sybren Posthumus
Laatste wijziging: 21-05-2010 18:32
|