| 20100907, Oanpak diken sintrum Wergea |
Fytsers kinne wer wat feiliger de dyk oerstekke yn it sintrum fan Wergea. De gemeente Boarnsterhim hat nei trije jier fan argewaasje twa krusings oanpakt dy't benammen foar fytsers gefaarlik wiene. It giet om de krusings wêrby de strjitten Grut Palma en De Terp op de Nieuwe Leeuwarderweg oanslute. Op oantrunen fan pleatslik belang gong tiisdei de skeppe de grûn yn. Fytsers hoege no noch mar ien kear oer te stekken fanút Ljouwert.
Bron: Omrop Fryslân, 07-09-2010 Laatste wijziging: 22-09-2010 08:14 |
|





