| 20101127, De Boarnsterstim: Lokaal Besjoen oer de weryndieling |
Yn it oere tusken 11 en 12 oere sil besocht wurde in fjouwertal fertsjinwurdigers út de doarpen Terherne (Arjen Kaper), Akkrum (Aize Wijnstra), Tersoal (Olaf van Kolck) en Aldeboarn (Folkert Hobma) oan it wurd komme te litten. Ek sille alle fraksjefoarsitters, Gerrie Rozema (Groen Links), Lyda Veldstra (FNP), Jan Sine Zijlstra (CDA), Roelf van der Woude (P v.d. A), Martin Frensel (D’66), Sietse Bouma (VVD) en Jan Hemminga (Gemeente Belangen 2000) koart oan it wurd komme. Is der goed harke/lústere nei de ynwenners fan de ferskate doarpen? En sa kin alles nochris goed op in rychje set wurde foarôfgeand oan it “moment suprème” fan oankommende tiisdei; wannear it definitieve beslút oer ús weryndieling falle sil. De lokale omrop kinne jo hearre op de 105.6 Mhz FM yn de eter, de 96.1 Mhz FM op de kabel en fia de livestream op ynternet www.deboarnsterstim.nl Laatste wijziging: 26-11-2010 07:17 |
|



