| 200709, De Havensbank: 85-Jierrich jubileum VV Warga |
Nei moannenlang oerlizzen mei de ferskate kommisjes wie it dan úteinlik safier. It jubileum stie foar de doar. In foljend programma foar beide dagen soarge foar twa prachtige dagen wêr't noch lang oer neipraat wurde sil. Sneon 25 augustus Om 11.00 oere wie de oftraap fan it feestwykein. Nei in iepeningswurdsje fan foarsitter Gerrit Nijboer koene de oanwezige bern yn de middensirkel fan it A-fjild de ballonnen loslitte. De jeugdkommisje hie in toernoai boardingfuotbal organisearre. Yn trije ferskate leeftydsklassen waard striden om de prizen. Nei in perfekt ferrün toernoai wiene dit de priiswinners:
E2 en F pupillen: 1.Barcelona 2. Chelsea 3. ACMilan 4. Real Madrid Ek wie der in faasjemeter, elkenien koe dêr de gong fan syn skot opnimme litte en Hylke Tholen soarge foar de administraasje. Stielhurd sjitten waard öfwiksele mei ünfoarstelbere missers. Fan elk team folget hjir de top-3:
1. Wesley Dijkstra, Rudolf Meinderts en Chris Pieter Veenstra As neigesetsje foar dizze fanatike dei stie der noch in feestband yn'e tinte. Synergie soarge derfoar dat mannich Wergeaster sneins mei in kater fan't bêd kaam. It wie gesellich drok en de sfear siet der goed yn! Boppedat soargen Maickel van der West en syn maten derfoar datst net mei in lege mage thús kaamst. Snein 26 augustus Ek sneins wie der in fol programma. De reunykommisje hie der foar soarge dat Sjouke Louwsma (Omrop Fryslân) in tal karakteristike figueren fan de fuotbalklub ynterviewe koe. O.a. Joop van Kammen joech acte de présence en die dat net ûnfertsjinstlik. De reuny sette útein mei in iepeningswurdsje fan foarsitter Gerrit Nijboer en waard dêrnei oernommen troch 'spreekstalmeester' Jan Teitsma. De seal siet goed fol doe't Sjouke Louwsma syn earste rûntsje fragen oan de frijwilligers stelle koe. Floris Sinnema, Rink Hoff, Jannie Vaartjes, Joop van Kammen en Gerrit Nijboer krigen lestige fragen foar de kiezzen wer't guon it antwurd op skuldich bliuwe moasten. Dêrnei wie it tiid foar in serieuzer oangelegenheid, it jubileumboek waard útrikt. Jitze Tadema, Folkert de Groot, Rein Koster en George Kooistra ha skoften mei plesier en tsjinslach oan dit boek wurke. It ferstjerren fan Rein Koster wie fansels de grutste tsjinslach fan alles, mar de oare mânlju ha syn wurk ferfette en der in prachtich boek fan makke. De twa earste eksemplaren waarden útrikt oan Jeltje Deinum en Truus Mud. Nei it skoft wie der wer tiid foar in fragerûntsje fan Sjouke Louwsma. Dizze kear waarden de trainers Sijbe de Jong, Rob Kleefman en de hjoeddeiske trainer Kees Jansen oan bar. Ek no waard der wer in protte lake en waarden der prachtige anekdoates ferteld. Yn de kantine wie der plak foar in fotokwis, de winner hjirfan is my noch net bekend. Fansels kin in reuny net súnder wedstriid, om dy reden stie Wergea 1997 tsjinoer it Wergea fan 2007. It alvetal dat 10 jier lyn kampioen wurden wie yn de 5C klasse mocht it opnimme tsjin it hjoeddeiske earste. Nei in betide 1-0 foar 1997, joech de kondysje en Emiel de Vlas dochs de trochslach en waard it 3-1 foar 2007. As ôfsluter fan dit memorabele wykein joech Orkest Tryout noch in optreden yn'e tinte. It oanwêzige publyk makke fan de gelegenheid gebrûk om noch in kear al dy âlde ferhalen op te heljen. Mei tank oan alle frijwilligers waard dit in wykein om noait mear te ferjitten. Op nei it folgjende jubileum! KW (mei tank foar de oersetting troch http://www.letterfretter.nl/) Laatste wijziging: 04-10-2007 09:57 |
|



