| 20090227, KKW presenteerd: Tryater mei "en ik dan?" |
En ik dan ? In ferrassende komeedzje fan Annie M.G. Schmidt spile troch Tryater yn 'e Bidler. It is net bêst, ast by fersin tritich mille kwyt bist fan dyn wurkjouwer! Even liend omst krap sietst. Mar troch wat ûnfersjoens is it hielendal ferdwûn! En krekt no komt de accountant om de boekhâlding te kontrolearjen. We binne op it kantoar fan de Stifting "Nij Positief". Nora, de mem fan de boekhâlder dy't foar dit jammerlike probleem stiet, beslút har, troch in gearrin fan omstannichheden, as in Sweedske kollega foar te dwaan om it probleem mei op te lossen. De persoansferwikseling soarget foar in protte betizing en hilaryske mominten. En ik dan? Is in blijspul fan de bekende skriuwster Annie M.G. Schmidt. Dit tonielstik ut 1968 giet oer earlik wêze, hypokrisy, fraude en sjantaazje. It sit fol ferrassende humor, aardiche taalspultsjes en ûnferwachte wendingen. Spilers; Aly Bruinsma, Marijke Geertsma, Nynke Heeg, Hans Kroodsma en Joop Wittermans Regy: Karina Kroft Lokaasje Bidler Datum freed 27 febrewaris Tiid 20.00 oere . Reserveare : www.kulturelekommisjewergea.nl Tel. 2552084 of 2552200 Graach oant 27 febrewaris, de KKW Laatste wijziging: 19-06-2010 21:16 |
|



