IS TSIEN KILOMETER ECHT SA FIER?
It hiele wykein ha wy der nei útsjoen, dy tsien kilometer fan Fabris en syn maten. Net dat dy jongkeardels it net dwaan kinne of sa, mar mear, as sy it op dat lange ein wol folhâlde kinne dizze middei. Fan wit hoe fier komme de matadoren: Frankryk, Noorwegen, Italië, ja alhiel út Amerika. Tagelyk wiene wy drok yn'e holle dwaende mei in oar barren hjir yn Wergea op 'e boppeseal fan it kafee. Al om kertier oer trijen op 'e fyts nei de buorren om alfêst de earste tariedings fan dy middeis te meitsjen. Mei al dy argewaasjes binne jo mar moai fan 'e dyk. Dat der by dit barren it ien en oar komt te sjen lit him riede.
En......dat der wat te sjen wie op dizze R&B-middei en ek te hearren, wie wol dúdlik. Krapoan 20 musikanten op bygelyks piano, oargel, gitaar, drums, mei stipe fan in oantal blazers en dêrnjonken in sântal sjongeressen. Ja, allinnich mar frouljusfolk en dy wienen ynhierd tsjin in royale fergoeding. Net dat se fan fier kamen of sa, guon wiene gewoan op'e fyts of rinnende.
Prachtige nûmers fan Paul Simon, The Pointer Sisters, Bette Midler en Shania Twain al wie it allinnich mar om de treflike titel "Man I Feel Like a Woman". Sjongers fan wereldfaam fertolke troch eigen minsken. Ja, Wergeasters witte hjir yn 'e regel wol rie mei.
Juwieltsjes fan stimmen, solo as mearstimmich en entûsjast foar it fuotljocht brocht. Bytiden stie jo it einepikefel op de earmen, sa treflik waard der songen en yn gearwurking mei de musikanten brochten se de taskôgers suver yn negere sfearen. It gehiel waard profesjoneel oan elkoar praten troch Berendina en de oare helte fan R&B stie by de yngong de tastreamde parse te wurd.
Kin soks wol allegearre op 'e boppeseal fan Jaap? No, dat hie der wol oan want it toaniel moast in hiel stik grutter makke wurde fanwege de riante besetting. In mansk stik regelark foar lûd en ljocht en dêr tuskentroch skarrele in alder aardichste betsjinning. Mei help fan in achttal yn styl efter de bar en planke, in hiele ploeg dy 't eltsenien flot fersjen koe fan in fersnapering. We koene it sûnder him ek wol oprêde.
Der waard folop geniete troch de krapoan 150 besikers fan jong tot âld dizze middei, ferskate nûmers waarden mei songen en it applaus nei elk nûmer wie tige by tige. In spandoek mei "as ik jong wie dan Wüst ik it wol" hie hjir net misstien. Dat der lang neipraten waard is wie alhiel yn 'e geast fan in prachtige en tige slagge middei! Nei in waarme gehakbal fytsten we om kertier oer tolven wurch as in maits werom nei hûs as hiene wy tsien kilometer...... Dat in jongkeardel út Aldeskoat meiholp om de middei wat flugger om te krijen wie net nedich west.
Pieter en Hettie