HJIR WURDT ’N MINSKE BLIID FAN....
Balkonscène, woansdei 28 febrewaris: de jongste dochter fan "suster Klivia"dûnset en sjongt mei mei it nûmer fan de slide. Oandwaanlik tafreeltsje. In protte taskôgers sjogge nei har yn sté fan nei it toniel. Dit famke hat ek al it "ja suster, nee suster-firus". Lyk as in hiel protte minsken yn Wergea. Oeral wêr't je komme dizze dagen hear je de minsken praten oer dizze bysûndere foarstelling en hear je de prachtige lieten. Men hat de CD oan, sjongt of neuryt de ferskes mei. Der soe eins noch in "meisjong" foarstelling komme moatte. De lieten binne prachtich, de teksten geef oerset en omdat de meidijen sa bekend binne, sjong je se sa mei.
Ik ha de foarstelling twa kear sjoen en beide kearen einepikefel op'e earms by al dy moaie ferskes dy't ik noch sa goed kin ut myn jeugd. Ek einepikefel by it sjen fan sokke talintfolle spilers. Ik wist dat Jelmar goed spylje koe, mar dizze rol wie har op it liif skreaun en dat se sa sjonge koe...dat wist se sels ek net fertelde se my letter. De yngenieur hie net better spile wurde kinnen as troch Bert, oandwaanlik mei ôfsakke skouderkes en in tryste blik yn 'e eagen. Alline by it idee Nobelpriiswinner te wurden kamen der glimkes yn'e eagen. En dan Jet, treflik spile troch Toos. Jet, sa senuweftich as wat, mar ek tige alert en stikum in bytsje fereale op Gerrit de ynbrekker. No sa'n ynbrekker soe elts wol oer de flier ha wolle, wat kin Bauke prachtich spylje en sjonge! Je ferjouwe him fuort syn drang ta stellen. Buorman Rom Barstensfol hie ik trouwens leaver net neist my te wenjen. As it moast mei in piltsje fan de yngenieur wêze.
Dan wie der yn it hûs ek noch Bobby, in stille rol fan Johan, hy liet Lorre, syn papegaai, alle tekst sizze. En dan natuurlik pake. Pake Piet. It ferske oer pake gie net echt oer him, want yn sté fan bokkeweintsje boartsje en detektyfke wêze learde hy syn pakesizzer stellen.
Mar krekt as by Gerrit koene je ek foar him alline mar sympathy fiele. Ek de beide plysjes en de buorfroulju spilen op in byldzjende wize harren rol, hjir en dêr in goeie oanfulling op it sjongen en it dûnsjen. En wat moat je no noch mear fertelle oer dizze foarstelling? Alles wie gewoan prachtich en dat is ek al oeral opskreaun en sein.
In wie in boppeslach foar it jubilearjende Halbertsma. Neist de spilers moat der fansels ek in grut kompliment jûn wurde oan de regisseuse fan dit stik: Froukje van Houten.
Sy hat it dochs mar foar elkoar krigen dat dit stik op dizze wize op de planken kommen is. Neist alle minsken dy't óp it poadium it applaus yn ûntfangst nimme binne der ek minstens safolle minsken achter de skermen dwaande west: dekor ontwerpers, bouploech, ljocht en lûdsminsken, koreografy, rekwisten, klean, grime en kapwurk. En alle bestjoersleden en minsken fan de PR. In kompliment wol ik hjir ek jaan foar de moaie website. Ik soe noch in hiel skoft troch gean kinne, want oer dit stik reitsje je net útpraat, dêrom woe ik it hjir mar by litte.
P.S. Fannemoarn hearde ik op omrop Fryslân dat der noch twa foarstellings bykomme. Hiel spesjale want: yn de Lawei.
Dat sil grif ek goed útpakke, Halbertsma hat it in tal jierren lyn sjen litten mei "Op hoop fan segen". Mar sa smuk as yn de Bidler.... In preekstoel as balkon wêr't ynbrekker Gerrit mei Jet it nûmer "dokes" sjongt, ja dat ha je grif net op in oare lokaasje. Mar it sil suster Klivia, de yngenieur, Gerrit, Jet, Bobby, buorman Barstensfol, pake,de buorfroulju, de plysjes en de muzikanten fêst net folle útmeitsje wêr't se spylje en sjonge, de ploech straalt sa'n nocht yn spyljen meielkoar út dat it plak er grif net ta docht, se rêde it oeral wol!
Fokje Meinderts