Wy, as doarp Wergea, begjinne der hieltyd wat mear by te bongeljen
It liket in begrutlik begjinsintsje, mar it begjint der sa njonkenlytsen wol op te lykjen. Mei de slúting fan de Frico waard troch de eardere boargemaster Dijkstra tasein dat hy foar Wergea foar ferfangjende wurkgelegenheid soargje soe. Dat it hiel oars útpakke soe is bekind. Guon minsken dy't hjir yn Wergea in lytsskalich bedriuwtsje opsette wolle, kinne hast allinne mar yn Grou telane, dêr't bedriuwen mei de meast fijemde kleuren en boustilen de grûn útstampt wurde.
De nije wentebou fan "Grut Palma" is hast in feit, mar wat hawwe wy lang wachtsje moatten op nijbou, om't in eardere wethalder in lange prestiizjeslach te fieren hie mei in projektûntwikkeler, wêrtroch jierrenlang de hiele saak op slot kaam te stean. In fytspaad nei Grou waard by de léste gemeenterieferkiezings troch likernôch alle politike partijen tasein, mar doe't de ferkiezings ien kear efter de rêch wiene, waard dit op de lange baan skood. Te betinken dat hjir yn de foarige ieu, yn de jierren sechstich, ek al oer praten waard, want de skoalbern moasten wol feilich net Grou fytse kinne.
Mei de oanlis fan de Steande mêstrûte wie ek fan alles mooglik, fyts- en kuierpaden, wy hiene ommers no de mooglikheden en no moasten wy der by wêze. Mar no de kontoeren fan ien en oar en yn gearhing mei "Grut Palma" sichtberder wurde, hast neat fan dit alles. Miskien in oanslúting fia de mûne boppe de Himpensermar nei it kalamiteitedykje dat "Waldwei B.V." oanlizze sil.
Dan no de brêge. Dat it ûnderhald, as it fernijen wat langer útbliuwe soe, dêr wie noch oerhinne te kommen. Der wie ommers in potsje fan € 400.000,-- fûn en dat wie bestimd foar ús brêge. Op de léste jiergearkomste fan Pleatslik Belang Wergea waarden wy dan ek raar fernuvere mei it nijs dat de brêge wolris yn in piip feroarje koe mei in trochfarhichte fan oardel meter. It net bestege bedrach koe Wergea dan moai brûke foar oare needsaaklike saken.
Is it yn "Grou" by de politykferantwurdliken no finaal yn de plasse slein? Tasizzings, ûnthiten en konvenanten telle hielendal net mear? En dan wol in wethalder Van der Meulen ek noch beweare dat Wergea yn it ferline op dit mêd neat tasein wurden is. It léste grisseltsje betrouwen dat der noch wie ek de grûn ynboarre.
Dit kin en mei Wergea net akseptearje en lokkich hawwe guon minsken de koppen byinoar stutsen, yn de foarm fan in aksjekomitee "Wergea bliuwt brêgebidler", om de polityk wer op it rjochte spoar besykje te krijen. Dit komitee fertsjinnet ús stipe, as bliuwt it healwiis dat it sa moat.
Der is neat net sa feroarlik as it waar, seit men wolris. No, ús gemeentepolityk kin der ek wat mei.
Jelle Dijkstra