WERGEA - Yn Wergea is in unyk gearwurkingsprojekt starten tusken de Stichting lepenloftspul, toanielferiening Halbertsma en de jongereintoanielploech. Ein novimber sil der op lokaasje yn Wergea in
jongerein musikal presintearre wurde. It wurdt in nij stik, skreaun troch de bekende Fryske skriuwer Piter Boersma mei as wichtichste tema: de behoefte fan jongeren om grinzen te ferlizzen, om te sykjen nei opwining, om har te ûnderskieden fan oaren. Koartsein: hoe wurdt de jongerein yn de gaos fan it hjoeddeistige libben
folwoeksen. De rezjy is yn hannen fan Marius Del Grosso en de koreografy wurdt fersoarge troch Margreet Egberts, sy foarmje ek in team by it berne-iepenloft-spul fan Easterwierrum. Muzyk en sang wurdt regele troch Jan Tysma, in betûft musikus, hy docht dat al jierren by de Wergeaster lepenloftspuilen.
It doel fan it gearwurkingsprojekt is it bringen fan in unyk toanielbarren, mei in ferskaat oan kreative dissiplines, mei de klam op jongerein. Om dat slagje te litten sille sa'n 25 spilers yn de leeftyd fan 15 oant 21 jier, in tsiental folwoeksen spilers en mear as 50 meiwurkers oan 'e slach. In bysûnder aspekt is noch dat der net allinnich by it spyljen, mar ek by de organisaasje in protte jongerein belutsen is. Sa wurdt der bygelyks in promoasjeteam foarme dat yn de oanrin nei it stik ta alderhanne publisitêre taken fersoargje sil. En hoewol't de musikal giet oer jongerein en der yn haadsaak spile wurdt troch jongerein is it stik bestemd foar alle musikal- en toanielleafhaw wers yn Fryslân.
(bron: MidFrieslander dinsdag 2 juli 2003 wmm)