Shakespeare ferneamde Fekke as ôftsudearstik
Skynwrâld en machtspultsjes yn Wergea
http://www.leeuwarder-courant.nl/Index
De man dy’t de fekke in spegel foarhâldt en har mei har eigen wapens werompakt, is by steat om der trochhinne te brekken.
(foto Jaap Schaaf)
Jantiena Bijlsma-Gerlsma fan Warten docht eksamen as regisseur fan de Fryske Amateur Teaterskoalle Frats yn Ljouwert. Se docht it stik ‘De Fekke yn ‘e Fûke' fan Shakespeare, yn in oersettingfan Pyt en Tryntsje van der Zee. Heal maart giet it stik yn Wergea yn premjêre en foar Jantiena binne it spannende tiden, omdat sy de totaalproduksje docht.
'Ik bin de lêste fan ús ploechje dy't eksamen docht. Ik woe wat rêst ha en myn eigen tiidskema meitsje kinne. Mar no't it derom spant mei noch fjouwer wiken te gean, krij ik de kribels. Alles giet no ynienen hiel hurd 'Wy sitte te praten yn de kantine fan skipswerf Bijlsma, dêr't twa kear wyks repetearre wurdt. 'Doe't wy hjir kamen te wenjen, waard ik frege om ris mei te spyljen yn in toanielstik. Letter is dêr it sminken bykaam en doe waard ik frege om ris in ienakter te regissearjen. Doe nochris ien en noch ien. Dat smakke nei mear en nei in oriintearjende kursus haw ik de knoop trochhakke en bin ik mei de grutte oplieding begûn. It is in frij yntinsive
oplieding, hiel learsum. Ast der letter op werornsjochst, dan hast dingen dyst werompakst fan de oplieding, benammen it analysearjen fan in stik en watst it publyk sjen litte wolst.' Wannear is it eksamen? 'Der binne yn Wergea trije foarstellings plend en by dy lêste komt der in kommittearde en ien fan de dosinten, Luuk Eisema, as beoardieler fan it stik op it eksamen. In oare dosint is rnyn staazjebegelieder, Wouter Daane. Dy komt in pear kear by de repetysjes del.'
Eigen wapens
Wêrom no krekt ien fan de earste stikken dy't Shakespeare skreaun hat? 'In jier lyn haw ik it stik útsocht. It hat it jubileumstik west fan It Boun fan Fryske Toanielselskippen. Dat haw ik yndertiid sjoen en fún ik hiel moai. Itselde stik seach ik op 'e televyzje, it waard doe troch Flaamske spilers dien en dat wie ek wer prachtich. Kinst aan it stik sjen dat it ien út 'e begjintiid fan Shakespeare is: kwa opgongen en ôfgongen rommelt it, dêr moatst sels noch wat struktuer yn oanbringe. Mar wat my rekket oan it stik is dat it nei safolle jierren dochs sa aktueel wêze kin. Miskien is de minske wol net safolle feroare yn al dy jierren.'
Kinst wat fertelle oer de strekking fan it stik? 'Yn earste ynstânsje komt it skokkend oer hoe frou-ûnfreonlik as it stik is. Dat haw ik oer in oare boech goaid: der wurde hjoed de dei noch altyd froulju ûnderdrukt of mishannele. De fekke yn it stik is sa wurden troch har heit, dy't har allinnich opfiede moast en dat eins net koe. Ut ûnmacht oerraast sy dingen, mar yn wêzen is sy net sa. De man dy't har in spegel foarhâldt en har mei har eigen wapens werompakt, is by steat om dêr trochhinne te brekken. Dat liket hiel hurd, mar dat docht er om har ynsjoch te jaan yn har eigen sitewaasje. Katarina, de fekke yn it stik, fynt in manear om mei dy man om te gean en dat is foar him wer in teken om te tinken: hea, se hat my troch, se giet om.'
Leafde
De grutte tema's dus? Jantiena, laitsjend: 'De leafde, dy't alle swierrichheden oerwint en it feit dat froulju it yn har ha om te oerlibjen en dat it giet om it inerlik en net om it uterlik fan de minsken. Boppedat: de skynwrâld, it machtsspul en dat dingen en minsken net blike te wêzen sa't se har oansjen litte. Sa is Bianca, de jongere suster fan Katarina, eins de fekke. Sy hâldt elkenien oan 't lyntsje en giet moai har eigen wegen. Sy docht rottich tsjin har suske en wynt de oare persoanen om har finger.'
Wa't dizze nijsgjirrige Fekke sjen wol, kin op 13, 14 en 15 maart nei De Bidler yn Wergea, op 5 april nei Sint Nyk en op 11 en 12 april nei De Bres yn Ljouwert.
Wieke de Haan
(bron: Leewarder Courant donderdag 27 februari 2003)