20031004, Kulturele kommisje Wergea: Tryater 24 oktober
    Archief
        Archief 2003
            Archief oktober 2003

Freed 24 oktober iepent Tryater it seizoen 2003-2004 fan de Kulturele Kommisje Wergea mei de nije foarstelling ‘Blessueretiid’. It stik giet oer in tema węrt’t elkenien mei te meitsjen hat: âlder wurde.

 

Fjouwer minsken hawwe ien ding gemien: se binne âld. De wrâld dęr’t se yn wend wiene te libjen, bestiet allinne noch mar yn har holle. De wrâld dęr’t se no yn libje is foar har net mear te begripen. Mar se litte har de kop net gek meitsje. Ek al giet it ljocht op de raarste mominten út en wurdt it iten brocht yn kartonnen doaskes. Ek al klinkt der in brânalarm as ien in sigaar opstekt. Op humoristyske en herkenbere wize lit Tryater yn Blessueretiid sjen wat it âlder wurden betsjutte kin.

 

De foarstelling begjint om 20.00 oere yn De Bidler. Nei ôfrin is der in gesellige neisit foar wa't dat wol. Kaarten koste 10,50 Euro en kinne fanôf 6 oktober tusken 10.00 en 12.00 oere telefoanysk besteld wurde by Aaltsje Hazenberg (058-2553380). Fanôf 6 oktober kinne jo ek kaarten fia de e-mail bestelle. It adres: kkwergea@hotmail.com. In kaartbestelling fia e-mail is definityf neidat jo fan ús fia de mail in befęstiging krigen ha.

 

Graach oant sjen op 24 oktober!

 

Kulturele Kommisje Wergea