WERGEA - It is mei kryst yn Wergea fan t jier itselde as alle jierren mei Sint Piter yn Grou: it komt justjes letter as yn de rest fan it lān. De krystsfear yn Wergea waard it ofrūne wykein fersoarge troch toanielferiening Halbertsma, dy't in stik fan de Ingelske skriuwer Alan Ayckbourn op de planken sette: Elk foar himsels (Absurd Person Singular). In stik dźr't fjouwer pearkes in haadrol yn ferfolje dy't jier op jier mei de krystdagen by elkoar op besite geane.
De 'entree' wie freed- en sneontejūn al bysūnder. Om de besikers fan de toanielfoarstelling yn de kryststemming te bringen waarden krystferskes spile op it histoaryske Van Dam-oargel dat noch hieltyd yn it multi-funksjoneel sintrum De Bidler stiet. Dźrnjonken wie der de oanklaaiing fan de seal, mei kryststikjes, lampkes, in krystbeam en krystkrānskes by de kofje sadat de krapoan 200 besikers per jūn har fjouwer wike yn de tiid weromset fielden.
It stik Elk foar himsels is in typysk Ayckbourn-stik: de ūntjouwing yn de relaasjes tusken in ferskaat oan minsken stiet sintraal. Yn it earste bedriuw waard dan ek in soart praten, mar de spilers slaggen deryn om de gong deryn te hālden en sa de oandacht fan it publyk fźst te halden. Dźrby die de flotte oersetting fan Gerrit Hoekstra syn wurk. Yn it twadde en tredde bedriuw wie der mear fysyk spul, mei in oanienskeakeling fan mislearre selsmoardpogingen, spilers dy't ūnder stroom kamen te stean en in hilaryske fariant op de bekende stuolledūns. Ek no bleaunen de spilers sterk yn barren rol, mei troch in perfekte gearwurking mei regis-seur, de minsken fan de omballingen, Ijocht en lūd en dekor. It foarme moai ien gehiel. It publyk begong oan 'e ein fan de jūn dan ek tefreden oan it 'fjirde bedriuw': it neisitten mei muzyk en dūns. (Foto: Jikkie Cats).
(bron: Mid-Frieslander dinsdag 28 januari 2003)