Par is it ferhaal oer twa jongesgroepen yn it doarp, dy't mei elkoar spul hawwe. De famkes yn it doarp bemuoie har dermei en soargje oan de ein fan it stik foar in grut feest om sa de boel wer by elkoar te bringen. It ferhaal fan skriuwer Pieter Boersma is eins mar hiel ienfâldich, mar dêr giet it yn sa'n musical fansels ek net om. In musical is mear foarm as ynhâld.
En dêr leit krekt de grutte krêft fan de Wergeasters. Want de foarstelling Par swingt as in trein en is moai ôfwikseljend. It is sa muzikaal dat it publyk domwei net stil sitte kin. De dûnsploech ûnder lieding fan Margreet Egberts makket Par ta in plaatsje, mei as hichtepunt de Spaanske dûns, dy't strak útfierd waard. Tel dêrby inkelde nije, grutte sjongtalinten en de band fanâlds ûnder lieding fan Jan Tysma en it sil dúdlik wêze dat Par in wiere musical wurden is.
(Foto: Jikkie Cats)
San 350 besikers telde de première fan Par op freed 21 novimber, de musical oer hjoeddeiske jongerein ûnder regy fan Marius Del Grosso.
Sterk punt yn de foarstelling is sûnder mis de foarmjouwing. In minimalistysk en funksjoneel dekor mei setstikken dy't flot ferskine en wer ferdwine. In lust foar it each is de tapaste projeksjetechnyk. It fersterket de sfear op toaniel, mei soms dreamerige en dan wer agressive ljochtbylden. Passend yn it stik is ek de projeksje fan SMS-berjochten en fan in detail as in bushalte.
Par is modern jongereintoaniel dêr't ek in pear âldere spilers oan meidogge. Sy spylje de heiten en memmen yn it stik. Dy ynbring is in goede fynst. It bringt ek wer fariaasje yn it stik, want de âlders sjogge mei eigen eagen nei de problemen fan har bern. Mar de haadrol bliuwt dúdlik foar de jongerein sels.
Opfallend is hoe maklik de Wergeaster jongerein har op toaniel beweecht. It liket allegear hast fansels te gean. Dêr sit ek de ynbring fan regisseur Maria Del Grosso achter, dy't mei dizze produksje sjen lit dat hy it ekspearimint oandoart en oankin.
Is der dan gjin inkeld min-puntsje by de foarstelling te betinken? Grif wol, sa is de tekst net altyd like goed te ferstean. Mar dat mei hinne bruie. Par is gewoan in hearlike jongerein-musical.
Jehannes Ytsma
(bron: Mid Frieslander dinsdag 25 november 2003 wmm)