DRACHTEN - Toaniel feriening Halbertsma út Wergea hat dit jier de Fryske toanielkriich wûn. It einige mei 242 punten as heechste yn de Eareklasse. Winner fan de Earste Klasse waard It Pompeblêd út Skearnegoutum mei 241 punten. De útslach waard justerjûn bekend makke op de jierlikse slûtjûn yn De Lawei yn Drachten. De útslach fan de trije oare klassen folgje jûn.
Eareklasse: Wergea, Toanielferiening Halbertsma 242 punten; Menaam, T.S. Menaam 241; Drylts, Meiinoar ien 238; Ysbrechtum, 't Is Sa 't Falt 235; Berltsum, Elts Fyn Rol 234; Grou, Krite toaniel 232; Drachten, Us Nocht 232; Ljouwert, It Huzemertoaniel 321; Aldegea, Op'e Nij Begoun 228; De Tynje. Rjucht en Sljucht 227; Oerterp, Op Nij Feriene 224; Langsweagen, Nut en Genoegen 223; Bûtenpost, Fryske Krite 221; Warten, T.S.Warten 220; De Jouwer, Fryske Krite II 219.
Earste klasse: Skearnegoutum, It Pompeblêd 241; Wytgaard, Lyts Mar Krigel 227; De Pein, Violeria 227; Deinum, It Klaverblêd 223; Reduzum, ROTO 219; Lekkum, De Trije Doarpen 218; Achlum, Nije Kreft 214; Bantegea, Op Nij Feriene 211; Twizelerheide, Nim It Sa't Is 208; Wommels, T.S.Wommels 208; Makkum, Doarpskrit 205; Akkrum, Akkrumer toa-niel 203; Burchwert, Nij Libben 200; Bakhúzen, Martinus 196.
(bron: Leeuwarder Courant, zaterdag 19 april 2003)