20040212, Swingnight yn De Bidler
    Archief
        Archief 2004
            Archief februari 2004

Swingnight yn De Bidler

 Sneon 13 maart is De Bidler ‘the place to be’ foar alle Wergeaster muzyk- en dûnsleafhawwers. De kulturele kommisje Wergea hat de band ‘Total Loss’ ynhierd, dy’t yn de Swingnight soarget foar in jûnfullend programma.

 Fan Stevie Wonder oant Rock ‘n’ Roll… Total Loss plays it all!  De band spilet yn de Swingnight yn in grutte besetting fan acht entûsjaste muzikanten, dy’t allegear mei in soad plesier en op heech nivo muzisearje. Mei de fantastyske sjongeressen Carin en Elly May set Total Loss op bekende hits in ferrassend eigen gelûd del. Wa’t mear witte wol oer Total Loss kin sjen (en hearre) op:

www.totallossband.nl.

 

[Carin en Elly May]

 

Swingnight yn De Bidler:         sneon 13 maart

Tagongspriis:                        7,50 Euro

Seal iepen:                           20.30 oere

 

- Kulturele Kommisje Wergea -