20040227, Mini & Maxi
    Archief
        Archief 2004
            Archief februari 2004

It beroemde theaterduo Mini & Maxi nimt oan it ein fan dit jier
ôfskied yn Ljouwert. It duo, Karel de Rooy as Mini en Peter de
Jong as Maxi, sil dat dwaan mei in âldjiersprogramma yn de
Harmonie yn Ljouwert. Dat hat de regisseur fan de beide manlju,
Jos Thie fan Wergea, bekend makke. Thie hat de ôfrûne tolve jier
de shows fan Mini & Maxi regissearre. Karel de Rooy en Peter de
Jong hawwe hjoed bekend makke dat sy er nei tritich jier mei
ophâlde. De oarsaak is de nekhernia fan Peter de Jong (Maxi). De
eindejiersfoarstellings yn Ljouwert kinne wol trochgean, omdat de
nekke fan De Jong deryn minder beleste wurdt.

Bron: Omrop Fryslân