20040227, Oanriding Warten
    Archief
        Archief 2004
            Archief februari 2004

By in ungelok op de Fonejachtbrêge by Warten binne justermiddei twa minsken ferwûne rekke. It giet om twa ynwenners fan Wergea.
Dy riden mei har auto op de paralleldyk oer de Fonejachtbrêge. Troch ûnbekende oarsaak kamen se yn in bocht op de ferkearde helte fan de dyk terjochte en botsten dêr op in auto fan in ynwenner fan Ljouwert. De Ljouwerter rekke net ferwûne. De Wergearsters moasten oerbrocht wurde nei it sikehûs. Beide auto's rekken folslein fernield.

Bron: Omrop Fryslân