20040327, Tryater mei 'Yerma' yn De Bidler, freed 16 april.
    Archief
        Archief 2004
            Archief maart 2004

YERMA

 

Freed 16 april spilet Tryater yn Wergea de nije foarstelling ‘Yerma’, in stik fan de bekende toanielskriuwer Frederico Garcia Lorca. In 'Spaansk' stik, fol temperamint en mei in soad pracht en fertoan. Tryater pakt grut út mei dizze foarstelling. Muzyk, sang, dûns en mar leafst tsien akteurs.

 

Yerma is jong en moai en al in pear jier troud mei de jonge boer Juan. Se hat alles. Behalve in bern. In leechte dy't har djip rekket. Juan is tefreden mei syn bestean. Mar Yerma wurdt wanhopich fan fertriet. Har ferlangen nei in bern wurdt almar grutter en grutter. De iensumheid thús ferstikt har. Yerma leit har net del by har lot en se set alles op alles om in útwei te finen. Mar se fynt de oplossing net...

 

Frederico García Lorca is ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan de 20ste ieu. Hy skreau mei Yerma in oanklacht tsjin de maatskippij. Regisseur Shireen Strooker makke dêr in muzikale en sprankeljende bewurking fan.

 

Kaarten binne te reservearjen fia it e-mailadres fan de Kulturele Kommisje Wergea: kkwergea@hotmail.com of telefoanysk by Aaltsje Hazenberg (058-2553380, tusken 10.00 en 12.00 oere). In reservearring fia e-mail is pas definityf nei ús befêstiging (reply).

 

Datum:    16 april

Aktiviteit: Yerma -- Tryater

Plak:       De Bidler -- Wergea

Oanfang: 20.00 oere

 

- Kulturele Kommisje Wergea -