De gemeente Boarnsterhim krijt der de kommende trije jier 195
wenten foar âlderen by. Ek komme der 25 starters-wenten. It giet
om plannen fan boargemaster en wethâlders, dy't foarlein wurde
oan de gemeenteried. Boarnsterhim hat fan de provinsje romte
krigen om de kommende trije jier 222 wenten ekstra te bouwen.
De wenten komme foaral yn Akkrum, Aldeboarn, Grou en Wergea,
mar ek yn de lytsere doarpen sil boud wurde. Yn de measte
gefallen giet it om hierwenten, mar in lyts diel kin kocht wurde.
Bron: Omrop Fryslân