De Wâldwei hat fan freedtejûn oant sneontemoarn 4 oere ôfsletten west fanwege in kantele frachtauto mei kofjemolke. Op de dyk by de Foanejachtbrêge wie it in grutte ravaazje. De bestjoerder wie útnaaid. De jûns is noch mei in helikopter nei him socht.
Tsjin 4 oere sneontemoarns kaam in melding fan de Wegenwacht dat se de man tusken Warten en Wergea oppikt hiene. De plysje hat de 50-jierrige man letter thús yn Ousterhaule prosesferbaal jûn.
De omsleine frachtwein soarge foar in ravaazje op de Wâldwei.
Rûnom leine pakjes kofjemolke: