Sneintemiddei 20 juny organisearje de iepenloftspulkommisje en de kulturele kommisje Wergea it Iepen Poadium 2004. It iepen poadium fynt diskear plak op it Bidlerterrein. Dêr wurdt uteraard ek soarge foar in hapke en in drankje.
De presintaasje fan it iepen poadium wurdt dien troch twa duo’s: Marit Bamboe & Bouke van der Veen en Tom Kamsma & Ypie Kerkstra. De hiele middei sil der in trochgeand muzikaal programma te hearren wêze, want mei elkoar wurde wol sa’n 40 ferskillende nûmers spile. Fanôf heal maaie binne dy nûmers ynstudearre ûnder lieding fan Jan Tysma en Gerrit Hager.
In willekeurige greep út it grutte ferskaat oan nûmers:
It iepen poadium wurdt brocht troch in grut tal Wergeaster sjongers, sjongsters en muzikanten. Om presys te wêzen binne dat (yn willekeurige folchoarder):
Roelof Algra, Peter Funcke, Sjouke Helfrich, Piet Kloosterman, André Valkenburg, Gerrit Brouwer, Anno Kooistra, Bert Meijers, Martin Beekman, Arjan Buter, Roelov Kuipers, Jasper Tysma, Redmer Kamsma, Gerrit Hager, Tom Spijkstra, Jan Tysma, Reinout Weima, Christina de Boer, Jetze Koster, Berendina Langhout, Cindy Mason, Annemiek Schuurman, Rom Tijsma, Mirjam Timmer, Peter Donderwinkel, Johan Hager, Lotte Windig, Sieb Kerkstra, Anke Hodes, Willy Terpstra, Paul Siemensma, Albert van Lingen, Bert Sinnema, Henk Wielinga, Sjoukje de Boer, Styntsje de Boer, Ingrid Donderwinkel, René Thie, Lisette Moonen, Fenna Kerkstra, Douwe Langhout, Niels Deinum, Linda Rinzema, Toos Tadema, Muriel de Haan, Baukje van Wieren, Aaltsje Meinderts, Sietske de Boer, De PAR-groep, Rimmy Tysma, Afke Tysma, Francien de Jong, Aukje Sinnema, Silke Mous en Femke Annema.
Wy ferwachtsje dat it Iepen Poadium 2004 wer in machtich moai muzikaal barren wurde sil. It begjint om 14.00 oere en wy hoopje 20 juny op in grôtfol Bidlerterrein. De tagong is fergees.
- Iepenloftspulkommisje & kulturele kommisje Wergea -