20040525, All-in-one (lêste jûn internetcafé seizoen 2003/2004)
    Archief
        Archief 2004
            Archief mei 2004

Understeand gedicht is skreun troch Jehannes Kooistra. Dit nei oanlieding fan de lêste jûn internetcafé seizoen 2003/2004.

 

All-in-one

Wy ha in komjoeter, gloednij.
Hy moat mar gau yn't spier.
Ljeafst sûnder gelij,
de âlde wie trjettjin jier.

Microsoft en internet
ik moat der noch net oantinke.
Dy brijwein giet boppe myn pet,
dochs lit ik de moed net sinke.

De wrâld komt no by ús yn'e hûs,
Big Brother rekket oant regear.
Komt der sa yn jins pels net in lûs?
Binne jo jo eigen baas net mear?

Dan, it is net te leauwen,
de All-in-one, de printer.
Hy driuwt my ta dit skriuwen,
ien gebaar en dan rint er.

All-in-one hie'k sa tocht,
faaks krij ik it iten der wol op klear.
'k Hat mear as ienkear besocht,
it slagge my net ien kear.

As plaatstove ha'k him ek prebearre,
myn fuotten binne de kâlde kant it neist
Mar dat is ek mislearrre,
it is gjin all-in-one as't it mei seist.

Sa rint foar my in kompjoeterdei,
myn buorlju dogge it der sûnder.
Dochs libje hja frank en frij
en is dat net in wûnder?


jok
040525