20040530, Fúzje pjutteboartersplakken
    Archief
        Archief 2004
            Archief mei 2004

De fúzje fan de pjutteboartersplakken yn
Akkrum, Warten, Wergea, Reduzum, Jirnsum
en Raerd kostet de gemeente Boarnsterhim
tsientûzenen euro's. De kommende jierren
moat de bydrage mei 70.000 euro yn it
jier omheech.

It jild is neffens de gemeente nedich
foar kwaliteitsferbettering en
profesjonalisearing. Ek de bydrage fan
de âlden soe 40% omheech moatte. De
fúzje krijt op 1 augustus syn beslach.
Der wurdt al trije jier oer praat.

Bron: Omrop Fryslân ,30-05-2004