Jild foar projekten op plattelân
De provinsje Fryslân jout dit jier 50.000 euro oan lytsskalige projekten dy't de leefberens op it plattelân yn Midden-Fryslân fersterkje.
- Yn Tersoal wurdt in wiet boartersfjild droechlein. Ek komt der in basketbalfjild en in jeu-de-boules-baan. By de feart dêr njonken komt in oanlissteiger.
- Fierder krijt de jeugd yn Wergea jild foar in skatebaan.
- Toanielferiening Nij Libben yn Jellum/Bears krijt ek jild.
- Yn Alde Leie komme nije boarterstastellen.
Bron: Omrop Fryslân, 09-06-2004