WERGEA - Sneintemiddei 20 juny stiet it sintrum fan Wergea bol fan de muzyk. De iepenloftsputkommisje en de kulturele kommisje fan it doarp organisearje dan mei-elkoar in farieard Iepen Poadium. In grutte en wikseljende groep Wergeaster sjongers, sjongeressen en muzikanten bringt in muzykprogramma fan mar leafst 40 ferskillende nûmers, fariearjend fan smartlap oant pophit. It Iepen Poadium stiet yn de bûtenloft opsteld op it terrein fan kultureel sintrum De Bidler. Hapkes en drankjes steane klear. It Iepen Poadium begjint om 14.00 oere. De tagong is fergees.
Bron: Weekblad Actief, 16 juni 2004