20040709, Stroomstoaring yn en om Ljouwert
    Archief
        Archief 2004
            Archief juli 2004

Problemen mei in skeakelstasjon ha der freedtemoarn foar soarge dat in diel fan Ljouwert sūnder stroom siet. It stasjon oan de Kanaalstrjitte yn Ljouwert skeakele himsels tsjin healwei sānen śt. Wźrom is noch net bekend.

Behalve in part fan Ljouwert hiene ek doarpen besuden de stźd gjin spanning. Troch de stoaring kaam it treinferkear fan en nei Ljouwert stil te lizzen om't seinen en wiksels net wurken. De problemen wiene tsjin achten oplost. Troch de stroomsteuring ūntstiene ek grutte problemen mei de ynternetferbinings yn in diel fan 'e stźd.