20041005, Kulturele kommisje Wergea presenteert Dastater
    Archief
        Archief 2004
            Archief oktober 2004

Sneon 16 oktober spilet Produktiehuis 'Dastater' it toanielstik ‘Kleedt u zich daar maar even uit’ yn Wergea. Sa’t de titel fan it stik al oanjout, wurdt it in humoristyske foarstelling. It is in stik mei in ‘fette lach’.

It liket derop dat it prachtige krystdagen wurde foar dokter Van Montfoort. Sels syn frou is yn in poerbęste stimming. Hy hat syn speech – dy’t hy hâlde sil op de jierlikse ynternasjonale konferinsje foar clinic clowns – ta yn de puntsjes útwurke. Der kin neat mear misgean: syn promoasje hat er al yn ‘e bűse. Mar dan stiet de ferpleechster dęr’t er sa’n 18 jier en 9 moanne lyn in ferhâlding mei hie, yniens foar syn noas. En se hat in moaie Sinterklaassurprise meinommen…

'Dastater' is in jong en profesjoneel toanielselsskip út Grins (sjoch www.dastater.nl). Se spylje 16 oktober foar it earst yn Wergea. De foarstelling begjint om 20.00 oere. Kaarten kostje 8,50 Euro en kinne telefoanysk besteld wurde by Peter Donderwinkel (058-2551100) of fia in e-mail nei kkwergea@hotmail.com.

- Kulturele Kommisje Wergea -

 

Klik hjir foar mear info oer it KkW programma foar 2004-2005