Fiifentachtich prosint fan de auto's rydt fierste hurd oer de dyk troch it Leechlân tusken Grou en Warten. Dat docht bliken út in 3VO-rapport dat omwenners makke litten hawwe.
De wurkgroep striidt sűnt twa jier foar in fytspaad troch it Leechlân. De smelle 80km-dyk is fierste gefaarlik. Boarnsterhim hat lykwols gjin jild foar in fytspaad. Mei it rapport yn de hân freget de wurkgroep nochris omtinken foar de gefaarlike dyk.
Bron: www.omropfryslan.nl, 07-10-2004