Frysk fan Omrop Fryslân kin en moat better'
GYTSJERK - Houkje Rypstra út Gytsjerk is âld-Actief-redaktrise en al wer sân jier redakteur by Omrop Fryslân-televyzje. De ôfrűne twa jier hat se neist har wurk en har húshâlding kâns sjoen Frysk te studearjen oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Foarige wike tiisdei helle se har doktoraal mei har skripsje 'Geef mar linich. In űndersyk nei de kwaliteit fan it Frysk by Omrop Fryslân'.
Se hat dus it wurk fan har kollega's bestudearre, mar dęr ek de miening fan 25 saakkundige bűtensteanders neist setten. 'Beropsharkers en -sjoggers' neamt se dy: minsken dy't foar har wurk ek gauris it Frysk brűke.
Opfallend is dat sawol har kollega's as dy 'bűtenwacht' yn grutte halen ta itselde oardiel komme: it Frysk fan Omrop Fryslân is net striemin, mar kin perfoarstwol better. Rypstra beslút har skripsje mei njoggen oanbefellings. Der moat mear dien wurde oan oplieding, mar it liket ek goed om een harkers- en sjoggers-‘panel' yn te stellen, dy't acht slane op de kwaliteit fan it Frysk fan de omrop.
"Myn baas, Pim Gaanderse, hat de skripsje ek lęzen. Hy mient dat der nuttige dingen steane yn de oanbefellings, dęr't de omrop wol wat mei kin. Dat ik tink dat dęr wol wat fan oernommen wurde sil", ferwachtet de 'farske' doktorandus. "Want it Frysk wurdt wol minder. Net allinne fan de meiwurkers fan de omrop, mar oer it generaal ek by de ynwennersfan Fryslân". By de omrop komt dat űnder oare trochdat in soad meiwurkers te min Frysk leard hawwe of sels hielendal gjin Frysk skriuwe kinne. Der moatte neffens Rypstra kursussen űntwikkele wurde, tasnien op it wurk by de omrop.
"Unike posysje"
"Want de posysje fan Omrop Fryslân is, wat it taalgebrűk oanbelanget, mei gjin inkele oareynstelling yn Nederlân te fergelykjen. Wy skriuwe ús presintaasjeteksten yn't Frysk, mar krije in soad materiaal yn't Nederlânsk binnen. Dat kostet ekstra tiid. Mar boppedat moat de skriuwtaal omset wurde nei sprektaal. Dat makket it wurk nochris ekstra lestich", neffens Rypstra. It liedt der ta dat der somtiden nochal amtlike taal brűkt wurdt, mar soms ek frijwat sloadrige sprektaal. Rypstra neamt in protte foarbylden. Fan ferkearde sinsbou bygelyks (sa as de 'gean-goarre', węrby't it Hollânske gebrűk fan it tiidwurd "gaan" letterlik oerset wurdt nei it Frysk), fan wurden dy't eins gjin Frysk mar Hollânsk binne ('hy hat de maksimum snelheid oerskrieden), fan ferkearde útspraak ('tiid' útsprutsen as. 'tied) fan omdraaiing fan sinsbou en gean sa mar troch. Nei oanlieding fan it űndersyk fan Rypstra hat der ek diskusje west op de redaksjes, oft de kwaliteit fan it Frysk better moat en sa ja, hoe dan. "It bewustwęzen dat it better moat is grutter as dat ik earst tocht. Dejingen dy't teksten skriuwe besykje bewust om geef, mar linich Frysk te brűken. It moat gjin literęr Frysk wurde, want dat stiet te fier ôf fan it Frysk op strjitte", is net allinne de miening fan Rypstra, mar fan de hiele redaksje.
Houkje Rypstra ut Gytsjerk mei har farske doktoraalskripsje.
"Ik hie der 22 fan printe, mar se binne al op. Se fleane de doar út!"
'Stylboek'
Sadwaande is der in 'Stylgroep' foarme, dy hat in 'Stylboek' makke. Doel is dat de redakteuren dęr hâldfęst oan hawwe by it skriuwen (en sprekken) fan harren teksten. By de radioredaksje is it Frysk neffens Rypstra minder goed as by de televyzje-redakteuren. "Dat komt grif troch de grutte tiidsdruk. De radio hat de hiele dei nijsútstjoerings, dus in hiel soad 'deadlines'. De televyzje-ploech stjoert mar ien programma deis út" (dat dęrnei de hiele jűn en nacht werhelle wurdt; gvdm.). Dochs mei dy tiidsdruk neffens har net de trochslach jaan. "By de lanlike NOS-redaksjes wurdt dochs ek acht slein op de kwaliteit fan it Nederlânsk? It is it wichtichste ark dat ferslachjouwers en redakteuren hawwe: harren taal. Dęr moat dus goed mei omgien wurde", is Rypstra fan betinken.
GvdM. (bron: Actief donderdag 7 oktober 2004 wmm)