It kolleezje fan B&W fan Boarnsterhim hat besletten dat der definityf gjin fytspaad de Wergeasterfeart del tusken Wergea en Grou komt. Op twa fronten is it plan ūnhelber, sa konkludearje B&W. It kostet tefolle en t slagget net om de grūn yn hannen te krijen.
It mislearjen fan it plan falt net goed yn Wergea. Pleatslik Belang hopet no noch, yn de mande mei Warten, oan te sluten op in nij fytspaad tusken Warten en Grou.
Bron: Omrop Fryslān, 24-10-2004
De gemeente seit it folgende:
Beslśtelist fan 12-10-2004 Gemeente Boarnsterhim
Fytspaad Grou - Wergea
Yn it ferliene binne der ferskate prikken yn it wurk setten om in fytspaad te realisearjen tusken Grou en Wergea. Yn 2002 die it blykjen dat der miskien mooglikheden wiene wźrtroch it fytspaad der komme koe. Dernei is derfoar ek in projektopdracht en in plan fan oanpak skreaun. Ūndersiken nei it winnen fan de grūn, de finansjele mooglikheden en de te trochrinnen prosedueres hawwe leard dat der ūnnimbere obstakels binne foar dit projekt.
It kolleezje hat dan ek konklśdearre dat realisaasje fan it fytspaad Grou Wergea ūnhelber is en lūkt de projektopdracht fan 6 jannewaris 2003 yn. It kolleezje stelt de riedskommisje WWR op 'e hichte fan dit beslśt. It kolleezje tinkt noch wol nei oer alternative ferkearsmaatregels.