Begjin oktober spile Tryater de premjêre fan it stik Ald papier en de resinsjes wiene tige posityf. Ald papier is in stik om te janken, mar foaral ek om te laitsjen. Sneon 27 november spilet Tryater de toanielfoarstelling yn Wergea.
It ferhaal fan Ald papier is in relaasjedrama foar trije persoanen, skreaun troch de Flaamske Stany Crets. It stik giet oer trije minsken dy’t allegear ferlange nei in bytsje gelok. Remmelt (Freark Smink) en Gepke (Marijke Geertsma) hawwe yn har relaasje in prachtich web makke fan leagens en geheimen. En se hawwe de ôfspraak om dat ek moai sa te litten. Lieuwe (Jan Arendz) is de húsfreon en hy spilet in fraaie dûbelrol yn dit houlik. De fraach is fan wa’t hy no eins de bêste freon is. In ûnferwachte roukaart lit it web fan leagens en geheimen trilje. De leagens komme stik foar stik út en net ien wurdt sparre…
Ald papier komt 27 november yn De Bidler. De foarstelling begjint om 20.00 oere. Kaarten kostje 11 Euro en kinne reserveard wurde by Teatske Akkerman (2552200) of fia email: kkwergea@hotmail.com.
Bron: Kulturele kommisje Wergea