20050106, Titel Iepenloftspul Wergea bekent makke
    Archief
        Archief 2005
            Archief januari 2005

WERGEA - Aldjiersnacht om klokslach tolve oere hat de iepenloftspulkommisje fan Wergea de 'Fryske' titel bekend makke fan it iepenloftspul 2005: Lucky Manuelo.

Lucky Manuelo is basearre op de film 'Iedereen beroemd' fan de Flaamske regisseur Dominique Deruddere. De film is mei in Oscar nominearre foar beste bûtelanske film. De 'Fryske' titel komt fan in ferske út de film, skreaun troch Raymond Van Het Groenewoud, dat yn de film in tige wichtige rol spilet: Lucky Manuelo!

In heit, fabryksarbeider yn België, is der wis fan dat syn dochter in stjer wurde sil en ny wol ta it uterste gean om har te helpen dat doel te berikken. Hy skriuwt har yn foar withoefolle talintejachten. Mar de sjuery's tinke der hiel oars oer: in karriêre as sjongeres sit der foar it fanke net yn. De heit nimt emosjonele maatregels; hy wol syn famke op dizze wize sjen litte dat der mal mei har is. Hy is hjiryn bysûnder orizjineel en giet hiel fier, mar allinnich it resultaat telt: uteinlik is iedereen beroemd!

De bewurking en regy is yn hannen fan Anne Graswinkel. Piter  Boersma hat it stik ut it Flaamsk wei oerset. It stik wurdt lykas oare jierren begelied troch in life-band u.l.f. Jan Tysma. Albert van Lingen soarget foar it dekoruntwerp.

De spyldata binne 22, 24, 25,28 ,30 juny en 1 July. Mear ynformaasje op www.luckymanuelo.nl