20050128, Jos Thie komt mei bysûnder stik
    Archief
        Archief 2005
            Archief januari 2005

Ald-Tryaterregisseur Jos Thie stiet begjin maart mei in bysûnder tonielstik yn de Harmonie yn Ljouwert. 'Treatment' is in oanklacht tsjin de entertainment-yndustry. It giet oer in frou dy't har libbensferhaal oan in filmbedriuw ferkeapet, dat der dêrnei mei oan de haal giet.

Foar dizze produksje wurket Thie gear mei de Harmonie en fjouwer oare teaters. De premjêre is op 3 maart yn Ljouwert.

Bron: Omrop Fryslân, 28-01-2005

 

Foar mear info:
http://www.grand-theatre.nl/producties/prod_treatment.html