20050408, KkW: Praot- en muzykkafee yn De Bidler
    Archief
        Archief 2005
            Archief april 2005

Kkw

kulturele kommisje wergea

Praot- en muzykkafee yn De Bidler

 

Freed 8 april is De Bidler ynrjochte as in gesellich praat- en muzykkafee. Dy jűn is der in totaalprogramma mei ôfwikseljende optredens fan de Fryske troubadour Jaap Louwes en de Stellingwerver ferhaleferteller Johan Veenstra.

Jaap Louwes is bekend fan radio en televyzje. Hy is al jierren dwaande mei syn eigenmakke ferskes en lit him oeral hearre, fan feesttinte en strjitte oant kroech en teater. Bekende nűmers fan Jaap Louwes binne bygelyks ‘Famke’, ‘Bier yn ’t hier’ en ‘De Wâldwei’. Jaap is digitaal te finen op www.jaaplouwes.nl.

Johan Veenstra is bekend fan syn columns yn de Leeuwarder Courant en op de Fryske radio. Johan is in sympatike Stellingwerver ferhaleferteller, humoristysk mar ek kritysk. Wa’t mear oer Johan Veenstra witte wol, kin terjochte op syn eigen ‘thuusbladziede’ www.johan-veenstra.nl.

It praot- en muzykafee begjint 8 april om 20.00 oere. Kaarten kostje 7,50 Euro en kinne reserveard wurde by Teatske Akkerman (tel. 2552200, nei 17.00 oere) of fia email: kkwergea@hotmail.com.

Bron: - Kulturele kommisje Wergea –