20050425, It iepenloftspul is ûnderweis nei Lucky Manuelo
    Archief
        Archief 2005
            Archief april 2005

Iepenloftspul is stap foar stap ûnderweis nei Lucky Manuelo.


Om de sinnen te fersetten en konsintraasje foar de rippetysje op te roppen wurde der spultsjes a la skoalleplein dien. Foel en tûk fleane de spilers oer de boppeseal fan’t kafee.

De kommisje is al hast in jier dwaande mei de tariedings fan it iepenloftspulstik Lucky Manuelo.

Earst hat de lêskommisje in stik útsocht. Dan wurdt it besteande stik bewurke en oersetten yn ’t Frysk. Wichtich binne de muzykmominten en hokker lieten yn de ferskate sfearen fan it stik passe.

As it skript dan einliks klear is dan kinne de rollen ferdield wurde. In spannende tiid.

Yn jannewaris is men fan start gien mei de rippetysjes op de boppeseal fan it kafee. Dan is it saak en meitsje gau de teksten eigen dan kin it echte spyljen begjinne. Ek wurde de grutte lijnen setten fan de ferskate sênes. In hiel karwei.


In part fan de bandleden: Roelof (Rithm)Algra op drums en Bongoboy Sjouke Helfrich yn úterste konsintraasje. Jasper Tysma en Anno Kooistra snare der op los wylst Gerrit Hager en Jan Tysma wite en swarte toetsen yndrukke, mar wol moai.

De bandleden binne fanôf begjin maart dwaande in grut tal nûmers yn te studearjen. Foardat  de earste noaten spile binnen is ek dêr al hiel wat wurk fersetten.

Mar ek it spylplak mei dekor en alles derop en deroan freget de noadige kreativiteit. Soks wurdt mei makettes taried.
Begjin maaie moat men eins op de lokaasje oefenje om it gehiel yn it goeie perspektyf te sjen.
Der is dan ek in bouploech fan grut alluere nedich om ien en oar foarelkoar te krijen. Ein maart waarden de mouwen opstrûpt en de piketten de grûn yn feecht.

Dan healwei april is it Ho, gjin iepenloftspul op dizze lokaasje.


Hessel Boermans is tefreden. De lokaasjetester docht it. Martin hat ek wol wat mei reek. Mar mannen de kleur is ferkeard.

Foar mear foto’s www.LuckyManuelo.nl

Bron: Iepenloftspul Kommisje