Om’t der troch ferskillende dissiplines yn ferskate groepkes oefene wurdt is it handich en sjoch sa no en dan byinoar om alfęst te priuwen hoe of it totale plaatsje der straks út komt te sjen en wa’t mei wat dwaande is.
Sa ek sneintemiddei 29 maaie.
Om presys 14.23 oere set de band útein mei de nűmers dy’t woansdei 22 juny tidens de premięre foar it publyk foar it earst te hearren binne.
Om de bandleden alfęst wat wenne te litten oan lűden fan man- en froufolk, wie der in iepenbiere rippetysje op ‘e boppeseal fan kafee Lands Welvaren.
Iepenbier wie it yn dit gefal foar, de bou-, spilers- en naaiploech, de catering, de dekorűntwerper, de grime(rij), de lęskommisjeleden, lűd en ljocht minsken, pr figuren, it rekwisiteklupke, rezjy trio en foto- en fideolju.
De band alinne al telt 13 koppen. En as elk dy’t op de meiwurkerslist stiet der west hie mei mooglike oanhang dan hiene der sa’n 250 sielen op seal west.
De muzikanten seagen tsjin krityske blikken oan, mei earen sa grut as muzykstanders.
Hja hawwe dan ek alles út de kast helle om de oare iepenloft meiwurkers heare te litten dat men ek tige serieus mei harren taak omgiet.
En wat kin je dan dochs grutsk węze op sokke majeure talinten.
Elts koe dizze middei al fęst genietsje fan de prachtige muzyk fan ús eigen band en miskien al wat fuort dreame nei de foarstellings op 22, 24, 25, 28, 30 juny en 1 july en tinke “ik bin der ek ien fan”. Ik bin in lucky manuelo, in lucky monuela , in lucky venuzoëla, of in lucky venazuëlo.
Mei it hinnefel op ‘e earmen ha we der ien op kocht en sa wie der al in moai ein fan de moandei om eart ik de foarige sin útsprekke koe.
Ske
Oanrikkemandaasje: bestel op tiid want fol is fol
Kom 14 juny nei it doarpshűs foar kaarten. 19.00 – 20.30 oere
Op 15 juny begjint de telefoanyske kaartferkeap 2551269
moarns 9.00 –11.00 oere en jűns fan 19.00 oant 21.00 oere
of fia ynternet www.luckymanuelo.nl Tink om de LC koartingsbon.
Johan Hager op trompet en tromboane