WERGEA - De Wergeaster iepenloftspulkommisje fersoarget sûnt 1989 ienris yn de twa jier in iepenloftspul. Inkelde wichtige skaaimerken binne: in soad oandacht foar muzyk (band, sang en soms dûns yntegrearre yn it stik), orizjineel toaniel, noch net earder yn it Frysk spile (bewurking fan film, boek of ferhaal) en suver allinnich mar Wergeaster meiwurkers. Der is troch de jierren hinne gjin féste lokaasje, dit jier is it spul wer werom yn de pastorijtún fan de RK-tsjerke. De Wergeaster iepenloft-ploech spilet fan 't jier it stik Lucky Manuelo.
It stik Lucky Manuelo is basearre op de film 'ledereen beroemd' fan de Flaamske regisseur Dominique De-ruddere (de regisseur komt sels nei dizze bewurking te sjen op freed 24 juny). De film út 2000 is destiids nominearre foar in Oscar foar beste bûtelanskefilm. De muzyk yn de film is skreaun troch Raymond van het Groenewoud. De film spilet yn Flaanderen, yn it arbeidersmiljeu. Der wurdt in synyske blik jûn op de televyzje fan hjoed de dei: it misbrûken fan emoasjes en it útfergrutsjen dêrfan troch de media. En de rwurde fraachtekens setten by de driuw fan guon minsken om, dwers troch alles hinne, beroemd wurde te wollen. Deruddere sels neamt it in satirische comédie humaine.
In heit, fabryksarbeider, is der wis fan dat syn dochter in stjer wurde sil en hy wol ta it uterste gean om har te helpen dat doel te berikken. Hy skriuwt har yn foar withoefolle talintejachten. Mar de sjuery's tinke der hiel oars oer: in karriêre as sjongeres sit der foar it famke net yn. De heit nimt emosjonele maatregels; hy wol syn famke op dizze wize sjen litte dat der mâl mei har is. Hy is hjiryn bysûnder orizjineel en giet hiel fier, mar allinnich it resultaat telt: úteinlik is iedereen beroemd! Yn it stik spylje talintejachten in wichtige rol, in moaie kâns foar de live-band om har yn it stik noch mear as oare jierren sjen te litten. Ek in ferskaat oan muzikaal talint út Wergea sil sjen én hearre litte wêr't sy ta yn steat binne. En net oars as yn it ferline, sille de toanielspilers, de bouwers, en alle oare meiwurkers wer soargje foar in iepenloftspul fan heech nivo!
Plak fan útfiering: pastorijtún fan de RK-tsjerke (Kerkbuurt 22). Utfieringsdata: 22, 24, 25, 28, 30 juny en 1 july.
Kaartferkeap foar Wergea en omkriten set oere wike tiisdeitejûn 14 juny útein yn it doarpshûs yn Wergea.
Fierdere foarferkeap fan kaarten fan woansdei 15 juny ôf op wurkdagen fan moarns 9.00 oant 11.00 oere en jûns fan 19.00 oant 21.00 oere op til.: 058-2551269 en fia website: www.luckymanuelo.nl
(bron: Mid Frieslander dindag 7 juni 2005 wmm)