'Nynke' fûn er in moaie film, 'Wêr bisto' fan Twarres ken er om't it yn België ek in hit wie, mar foar it oare is Fryslân ûnbekend terrein foar de Belgyske filmregisseur Dominique Deruddere. Nije wike freed is er yn Wergea te gast by de premiêre fan iepenloftspul 'Lucky Manuelo', de toanielbewurking fan Deruddere's film 'ledereen Beroemd'.
De filmkomeedzje 'Iedereen Beroemd' waard yn 2000 nominearre foar in Oscar en dêrmei wie it de meast suksesfolle film fan Deruddere oant no ta. Haadpersoan yn it troch Deruddere sels skreaune ferhaal is fabryksarbeider Jean Vereecken. Yn syn frije tiid reizget Vereecken mei syn santjinjierrige dochter Marva sûnder al te folle sukses fan talintejacht nei talintejacht. Vereecken is folslein oertsjûge fan it sjongtalint fan syn dochter. Syn grutte dream is dat Marva oait trochbrekt mei in troch him skreaun nûmer.
Marva hat, sûnder dat heit dat sjocht, alles tsjin om as artyst troch te brekken. Se sjocht der net út - alhielendal net as se mei har wat al te mûtele lea Madonna neidocht - en har sjongen haldt ek al net oer. Ja, as se harsels efter de poppekast ferskûlje kin, dan sjongt se as in gealtsje; foar in sealfol minsken klinkt se as in siik fûgeltsje.
It ferhaal nimt in kear as de heit fan Marva, krekt nei't er te hearren krigen hat dat er ûntslein is, de ferneamde sjongeres Debbie tsjinkomt en har yn in momint fan dwylsinnigens ûntfiert. It is him net om jild te dwaan, mar om it sukses fan syn dochter.
Repetysjefoto’s fan ‘Lucky Manuelo’ yn Wergea (foto’s HN/Jaap Schaaf)
Alhoewol de optredens van Marva op de talintejachten beskamsum binne en it knoffelige entûsjasme fan har heit treurich en hilarysk tagelyk, hat it neffens Deruddere noait syn doel west om minsken dy't dreame fan in sjongkarriêre ta spot te meitsjen. Hy is sels as skoaljonge ek oait mei in Super 8 kamera en mei in dream foar eagen begûn te filmjen. Mei in soad gelok en trochsettingsfermogen is it him slagge en wurd filmregisseur, dat hy wit út eigen ûnderfining dat sokke dreamen soms gewoan útkomme.
„Er is meer dan eens een moment geweest dat ik dacht: ik kan beter ophouden. Maar dan kruipt het bloed toch weer waar het niet gaan kan en ga je door. Waarom? Ik kan me ervan af maken door te zeggen dat ik wel moest omdat ik voor de rest niets kan, maar dat is niet de enige reden. Het belangrijkste, denk ik, is mijn passie voor film."
„Daar gaat 'Iedereen Beroemd' ook over. Het is allemaal misschien wel heel grappig wat er in die film gebeurt, maar de film heeft ook... Ik zou bijna zeggen: een boodschap, maar dat woord mag je niet meer gebruiken. Ik juich het alleen maar toe als mensen hun dromen najagen, dat heb beslist niet belachelijk willen maken. Wat ik wel kwalijk vind, zijn de mensen van de televisie die dat uitbuiten. Zelf hebben ze geen passie, maar ze schrikken er niet voor terug misbruik te maken van mensen die dat wel hebben."
„Inmiddels gaat het bij veel mensen al lang niet meer om passie, het enige wat nu nog telt is roem. Een volstrekt inhoudsloos begrip: roem die nergens op gebaseerd is, is helemaal niets. De BV, de Beroemde Vlaming, is inmiddels een begrip. In Wallonië heeft het verschijnsel nog geen naam, als het aan mij ligt wordt dat WC: Wallon Connu."
It is sûnt 'Iedereen Beroemd' allinne noch mar slimmer wurden neffens Deruddere. Fan progamma's as 'Big Brother' en 'Temptation Island' witte minsken dat se neat yn har mars hoege te hawwe om dochs ferneamd te wurden. En dêrmei is in fisieuze sirkel ûntstien fan minsken dy't har passy net mear neijeie, mar dy't allinne noch mar ferneamd wurde wolle.
„In plaats van dat die mensen hun werkelijke talent ontwikkelen en zich nuttig maken als dokter of bakker, willen ze alleen nog maar een BV worden. Maar loze roem duurt nooit lang. Zulke mensen zijn een product van cynische tv-makers. Als de kijker op dat product is uitgekeken wordt het aan de kant geschoven en staat de voormalige BV met lege handen. Toen ik 'Iedereen Beroemd' maakte stond dat verschijnsel nog in de kinderschoenen, dus je kunt bijna zeggen dat de film profetisch was."
'Iedereen Beroemd' is net de iennichste film fan Deruddere dy't de oandacht luts. Yn 1987 makker er 'Crazy Love', in kontroversjele film nei de ferhalen fan de Amerikaanske skriuwer Charles Bukovski. Dêryn brocht er Onderwerpen as masturbaasje en nekrofily yn byld. Kontroversjeel of net, de film krige yn binnen- en bûtenlân goede resinsjes, der waard sels praat oer in nije wyn dy't troch de Flaamske filmyndustry waaide, dy't de Flaamske films sels ynternasjonale alluere joech.
Nei 'Crazy Love' teach Deruddere nei Amearika om yn oparbeidzjen mei Francis Ford Coppola's filmmaatskippij Zoetrope de film 'Wait until spring Bandini' nei in boek fan John Fante te meitsjen. It bleau wat Amearika oanbelanget ynearsten by dy iene film, mar it is neffens Deruddere net sa dat syn -lykas wol suggerearre waard - Amerikaanske karriêre dêrmei yn 'e knop brutsen is.
„'Wait until spring Bandini' was helemaal geen Amerikaanse film. Hij is met Europees geld gedraaid, de enige reden dat hij in Amerika is opgenomen is dat het verhaal daar speelt. Op diezelfde reden heb ik ook films in Duitsland en Frankrijk gemaakt. Ik heb nooit zoals Paul Verhoeven een carrière in Hollywood geambieerd."
,,Ik heb genoeg van Hollywood meegemaakt om dat ook niet te willen ambiëren. Je verkoopt je ziel. Film is daar gewoon business, moet zijn geld opbrengen. Elk shot dat je maakt wordt gecontroleerd, voor je het weet ben je voortdurend in gevecht met mensen die niets van film weten. Dat is niet goed voor je hart."
Dominique Deruddere: “De BV, De Beroemde Flaming is inmiddels een begrip.”
Dominique Deruddere wurdt foarôfgeand oan de premiêre nije wike yn Wergea earst trakteard op in rûnfeart en in itentsje. It is de earste kear dat in film fan him foar toaniel bewurke is. „Een bizarre gedachte", neamt er it, „mar wel leuk". De film spilet him op in grut ferskaat oan plakken ôf, hy is benijd hoe't se dat yn in iepenloftspul - „wat is dat eigenlijk?" - oplosse.
En wat it Frysk oangiet: „Ik vrees het ergste. Ik heb even op de website gekeken, maar daar begreep ik weinig van. Ik ga voor de fun. Als ik de muziek hoor en de mensen zie bewegen, vind ik het vast leuk. Alles wat ik verder meepik is meegenomen."
SIETSE DE VRIES
(Bron: Leeuwarder Courant zaterdag 17 juni 2005 wmm)