Alles falt teplak foar Lucky manuelo
Plak: Wergea, pastorytún r.k. tsjerke.
Barren: premiêre iepenloftspul 'Lucky Manuelo'.
Nei: 'ledereen beroemd' fan Dominique Deruddere.
Oersetting: Piter Boersma.
Bewurking en regy: Anne Graswinckel.
Belangstelling: in 450 minsken.
Nochtesjen: 24,25,28, 30 juny en 1 july.
WERGEA -'Lucky Manuelo', hjit de Fryske iepenloftferzy fan 'Iedereen beroemd', in film fan de Flaming Dominique Deruddere út 2000. Ofsjoen fan de titel hat Wergea syn 'satiryske comédie humaine' mei fleur en fantasij ferfryske. Ynhâldlik is dat net sa'n weachstik, want it ûnderwerp is universeel. Elkenien wol beroemd wurde, mar echte stjerren witte wat de priis fan de rom is. Dat jildt foar FF'ers -Ferneamde Friezen - likegoed as foar Beroemde Nederlanders of Beroemde Vlamingen.
Dêr giet it ferhaal oer: hoe fier wolle lju gean om mei harren kop op tv te kommen, en hoe fier geane mediabazen om dêr fan te profitearjen. Fabryksarbeider Jeen Winters wol net dat syn dochter ek efter de rinnende bân de kost fertsjinje moat. Hy sleept har fan de iene nei de oare talintejacht: se moat en sil in stjer wurde. Like ferneamd as syn idoal Willeke, nei wa't er har neamd hat. It liket neat te wurden, want dochter Willeke fynt har heit in 'loser' mei syn sels makke ferskes. En se fielt har djip ûngelokkich wannear't se as in dûbeldikke Madonna ôfgiet. Jeen jout gjin belies, sels net as er syn baan kwytrekket. Ynienen sjocht er in gouden kâns, as it him samar slagget in echte stjer te kidnappen: sjongereske Debbie. Hy ropt de help yn fan syn maat op it fabryk, Yme. Dy is lykwols te dreamerich en te weak foar soks. Mar de amateur-kidnappers ha gelok. Debbie is al lang bliid dat se tydlik út de kloeren fan har manager Michael wei is. Dizze Michael sjocht daalk de hitpotinsje fan de situaasje. Sa ûntjout dit ferhaal fol talintejachten en tv-shows him nei in spannende ôfrin. Uteinlik besjongt Willeke har heit as 'Lucky Manuelo', de held dy't fjochtet foar syn gelok en syn gelyk.
Wa't de film sjoen hat, sil him mei Deruddere ôffreegje hoe't se dat yn de goedichheid ha wolle yn Wergea. It ferhaal spilet jim ôf op in grut tal lokaasjes en de film switcht fan it iene nei it oare plak. Kin dat ek mei in iepenloftspul? Ja, bewiist regisseur Anne Graswinckel mei har spilers. En as je it dekor sjogge, begripe je fuort hoe't se it oanpakke.
Dat dekor, ûntwurpen troch Albert van Lingen, bestiet út wol tsien lokaasjes, njonken en boppe elkoar. Wenkeamer, sliepkeamer, caravan, kroech, studio, presintaasjeromte, bandstand, kantoar, parkeargaraazje, fabryk, alles sit deryn. Under it spyljen komme der noch lokaasjes by: de bar feroaret yn it apteek en ek de pastorytún sels tsjinnet as dekor. By de sênewikselingen wurdt de oandacht knap ferlein.
Jeen Winters (Bareld Mud) Ontfermt him oer sjongereske Debbie (Christina de Boer). Foto HN/Jaap Schaaf
Technysk wurde der noch mear diminsjes oan tafoege, troch it fernimstich ynsetten fan it medium televyzje. Live-opnamen, split screen, neat is te gek. Ofsjoen fan in inkeld haperjend tv-tastel kaam dit weachstik justerjûn knap út de ferve. Dat jildt ek foar it spul sels en de kostlike sjongnûmers dy't troch in sterke muzykploech delset wurde, mei as ien fan de hichtepunten 'Hâld my hjir', in tapaslik bewurke ferzy fan 'Stay with me'.
Wergea hat fan't jier gjin maklike oanrin han, mei kostber tiidferlies troch in lette feroaring fan spylplak, mar yn de pastorytún foel juster mei 'Lucky Manuelo' alles teplak, ynklusyf skitterjend premiêre-waar. Yn it stik spylje in pear echte FF'ers mei, dy't witte wat it is om yn de showbizz mei te draaien. Oan de ein sit der sels in ferrassend gastoptredentsje yn. Mar yn it iepenloftspul is elkenien likefolle stjer. FEDDE DIJKSTRA
(bron: Leeuwarder Courant donderdag 23 juni 2005)
Iepenloftspul Wergea grut en tige muzikaal spektakelstik
WERGEA - It iepenloftspul fan Wergea, dat jûn om njoggen oere yn premiêre giet mei it tige muzikale spektakelstik 'Lucky Manuelo', sette moandeitejûn mei de generale repetysje wat dreech útein. It publyk - sa'n sechtich útnoege minsken - moast oant hast njoggen oere wachtsje om de tribune op te meien. Op dat stuit waard der noch in fikse balke fêstsetten foar ekstra feilichheid ûnder in grutte bak mei seis televyzjes.
Trochdat we in oare lokaasje tawiisd krigen, is alles wat letter útein setten as dat it doel wie", sa waard it publyk útlein. As it waar in bytsje meiwurket, is jûn yn de pastorijtún alles perfekt yn oarder: in mânsk dekor, mei in protte (goed ferburgen) elektronika en likernôch tweintich televyzjetastellen! Want dêr draait it om yn dit stik: de (macht fan de) televyzje en benammen fan de managers yn de showbusiness. Dêr foaroer stiet de ûnmacht fan de gewoane man dy't heech opsjocht by de glitter en glamour fan de 'grutte stjeren'. Dat dat yn wêzen ek mar gewoane minsken binne, dy't likegoed as eltsenien ferlet hawwe fan leafde en omtinken as wa dan ek en net altyd lokkich wurde fan de miljoenen dy't se fertsjinje, dat wol der by haadpersoan Jeen Winter mar min yn.
Hy wol dat syn dochter Willeke ék in grutte stjer wurdt as sjongeres, al liket se noch sa'n bytsje talint te hawwen. As it him allegearre tsjinsit, hat er der sels in yngripend misdriuw foar oer om syn sin trochdriuwe te kinnen. De macht fan manager Michael Jansen, dy't ek de manager wurdt fan syn dochter, is lykwols gans grutter. Dat it úteinlik allegearre op syn poatsjes telâne komt, wol jo der nei it sjen fan njoggentsiende fan it stik dan ek net yn as 'neutrale' taskôger.
Haadrolspiler Bareld Mud as Jeen Winter, mei de earmens omheech yn in penibele situaasje. De beide oare haad-rollen (Jeen syn dochter Willeke en stjersjongeres Debby) binne weilein foar Trynke Brouwer (dy't hiel knap falsk sjonge kin) en Christina de Boer, dy't as sjongeres ek net swak byspilet.
It iepenloftspul fan Wergea, mei sa'n 150 frijwilligers allegearre út it doarp sels ôfkomstich, is ek dit jier in prestaasje fan formaat. Foaral troch in knap stik 'live' muzyk, want it spyljen kin noch wol better. It mei om my benammen 'fetter': yn de showbusiness telt ommers benammen de bûtenkant? De nuchtere Wergeasters meitsje har dat oerdreaune gedoch fan it televyzjewrâldsje blykber net sa maklik eigen. Miskien is dat ek wol in komplimint.
Guon 'televyzjepresintatoaren' hiene om my wol wat lûder mocht, benammen nei it skoft. Undanks alle elektrotechnyk mist de taskôger op sa"n stuit syn ôfstânbetsjinner mei it lûdknopke! 'Lucky Manuelo' is oersetten troch troch Piter Boersma nei de film 'ledereen beroemd' fan de Flaamske regisseur Dominique Deruddere, dy't jûn ek de premiêre (korreksje: freed wmm) bywenje sil. De tekst fan Boersma is ek wer bewurke, troch Anne Graswinckel, Frans Slaterus en Jan Tysma. De rezjy fan it stik is yn hannen fan Anne Graswinckei. It mânske dekor is betocht troch Albert van Lingen.
De spyldata binne: 22, 24, 25, 28 en 30 juny en 1 july. Der binne noch kaarten te keap, sjocht www.lucky-manuelo.nl of skilje 058 - 255 12 69 (9-11 of 19-21 oere). GvdM.
(bron: Actief woensdag 22 juni 2005)
Swingend 'Lucky Manuelo'
RIANNE KRAMER, Friesch dagblad
In bettere dei hie de Wergeaster iepenloftspulkommisje net útsykje kind: tidens in waarme simmerjûn gie juster Lucky Manuelo yn premiêre yn de smûke pastorijtun fan Wergea. Muzyk spilet faak in wichtige rol yn de opfierings fan `Wergea', en dat is ek it gefal yn Lucky Manuelo, in Fryske bewurking fan de Belgyske film ledereen Beroemd. De muzyk - sjongers begelaat troch in live-orkest fan Wergeaster muzikanten - is ek fuort de grutte kracht fan it stik. Of better: de kombinaasje muzyk en toaniel is de kracht. Dertroch ferfeelt it stik gjin momint en kin der bytiden lekker meiswingd wurde. De film Iedereen Beroemd is basearre op al dy talintejachten yn de wrâld dêr’t elts stridet om ferneamd te wurden en dêr’t de media o sa graach op yn springe. By Lucky Manuelo is dat net oars. Heit Jeen (Bareld Mud) is der wis fan dat syn dochter Willeke (Trynke Brouwer) in stjer wurde sil en tôget har fan de iene nei de oare talintejacht, betinkt ferskes foar har en set har derta oan alles op alles te setten om troch te brekken. Mar wat as in suvere stim en in goeie utstrieling ûntbrekke en Willeke as in sâltsek Madonna en Vanessa Paradis imitearret? De sjuery's binne ûngenedich in harren oardiel. De heit hat echter it beste foar mei Willeke en giet deryn fier: hy kidnapt Debbie, de populêre sjongeres dy't jierliks goed is foar fjouwer miljoen. Mei dizze set hat heit in troef yn hannen om Debbie har manager foar syn karke te spannen om fan Willeke in stjer te meitsjen. Dat liket ek noch aardich te slagjen.
Plûm
Der wurdt bytiden knap spile troch de Wergeasters. Benammen Johan van der Veen, ex-Twarres, fertsjinnet in plûm. Syn ynbring yn de rol fan Yme, de softe en o sa gefoelige kollega fan Jeen dy't sûnder it te wollen belutsen wurdt by de kidnap, is ûntwapenjend en humoristysk tagelyk. Spitigernôch kin dat net sein wurde foar de haadrolspilers, benammen mem Minke en dochter Willeke spylje no en dan wat flak. In grut komplimint is der foar it multifunksjonele dekor nei in ûntwerp fan Albert van Lingen. Hy makke in dekor mei meardere romtes en lagen wêryn’t it hûs fan Willeke en har heit en mem, it poppodium foar de talintejachten, de doarpskroech en it management in plakje krije. Mei ien beweging waard fan in bar in apotekersbaly en fan in archyfkast in bêd makke. Moai! Uteinlik pakt it yn Lucky Manuelo foar eltsenien goed út. Eind goed, al goed. Lucky Manuelo hat gjin djippe boadskip en is ek net in stik dat je thús nochris goed besinke litte moatte. It is in stik dat net al te folle om it liif hat, mar goed is foar in ûntspannende, swingende jûn dêr’t in protte by te laitsjen falt. Dat is ek in soad wurch.
Utfiering: Iepenloftspul `Lucky Manuelo'
Rezjy: Anne Graswinckel
Plak: Pastorijtún St Martinus tsjerke, Wergea
Belangstelling: 450 besikers
Bysûnderheden: nochris te sjen op 24, 25, 28, 30 juny en 1 july.
(Bron: Friesch Dagblad, 23 juny 2005)