20050630, Oerlêst troch swiere buien
    Archief
        Archief 2005
            Archief juni 2005

Swiere rein- en tongerbuien hawwe tongersdeitejûn rûnom yn de provinsje foar oerlêst soarge. Foaral út it Hearrenfean en Skarsterlân wei krige de plysje meldingen fan ûnderstrûpte kelders en garaazjes. It ferkear hie ek lêst fan it reinwetter, mar omdat it net drok wie, hat dat net ta problemen laat.

De iepenloftspullen fan de Harkema en Wergea gongen oer. De foarstellings wurde op oare dagen ynhelle.

 

Bron: Omrop Fryslân, 01-07-2005