20030604, Wergea makket musical
    Archief
        Archief 2003
            Archief juni 2003

Wergea makket Fryske musical mei jongerein

http://www.leeuwarder-courant.nl/Index

 

WERGEA - De Stichting lepenloftspul Wergea, toanielferiening Halbertsma Wergea en de Wergeaster jongereinploech bringe yn novimber in jongereinmusical op 'e planken. Skriuwer Piter Boersma en regisseur Marius Del Grosso wurkje op dit stuit oan in skript foar wat in oarspronklik Fryske musical wurde moat. Underwerp is de oergong fan puberteit nei folwoeksenens. Boersma en Del Grosso behannelje dat oan 'e h?n fan twa rivalisearjende groepen dy't spul hawwe om in famke.

Jan Tysma krijt, krekt as by it iepenloftspul foar grutten yn Wergea, de muzikale lieding. Hy makket gjin nije muzyk. Yn oer­lis mei de skriuwer en regisseur kiest er besteande wizen út, Boersma en hysels meitsje dêr

Fryske teksten op. Deselde wurkwize past Tysma ek by it twajierlikse iepenloftspul fan Wergea ta. Margreet Egberts docht de koreografy. Hja wurktet, krekt as Marius Del Grosso, ek mei oan it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum.

Toanielferiening Halbertsma en de Stichting Iepenloftspul Wer­gea rûnen al in pear jier mei plannen om foar in jongereinprojekt. Wurdfierder Arjen Agema: „Foar bern wurdt der fan al­les organisearre en ek grutten kinne oeral terjochte. Mar krekt de groep fan tusken de 15 en de 21 jier is net folle foar."

De musical wurdt 21, 22, 28 en 29 novimber spile yn it earder Frico-kompleks yn Wergea. Der dogge tweintich jongeren oan mei.

(bron: Leeuwarder Courant 4 juni 2003)