De nijste foarstelling fan Tryater hat as titel ‘Blowing’. Sneon 10 desimber wurdt it stik yn De Bidler op de planken brocht.
Blowing is in modern en skerp famyljedrama foar jong en âld. It stik is skreaun troch Jeroen van den Berg, dy't dęrfoar de Taalunie Toneelschrijfprijs krige. Mem wurdt 40 en se fiert dat mei in feestlike jierdeisbrunch. Heit jout har in fideokamera kado, mar yn hannen fan dochter en soan registreart dy űngenedich de bulten en barsten fan dizze famylje. Sa komt dit gesin yn in hilaryske hegedruk panne telâne.
Blowing wurdt spile troch fjouwer akteurs: heit Jan Arendz, mem Aly Bruinsma, pubersoan Eelco Venema en beugeldochter Alyt Damstra. De parse wie entűsjast oer it stik. De Leeuwarder Courant: 'De jongelju skitterje, allegear op nei Blowing'. Omrop Fryslân: 'It paad nei de apoteose is magistraal'.
It toanielstik is hiel geskikt foar jongeren, samar om te sjen of foar in CKV-ferslach fan skoalle (sjoch www.tryater.nl). Jongeren krije dęrom in CKV-koarting.
De foarstelling begjint 10 desimber om 20.00 oere yn De Bidler te Wergea. Kaarten kostje 12,50 euro, foar jongeren oant 20 jier jildt de CKV-koartingspriis fan 10 euro. Kaarten kinne telefoanysk reserveard wurde op nűmer (058) 2552200 en fia de mail op it adres kkwergea@hotmail.com. Wy ferwachtsje in hiele protte publyk foar dizze foarstelling en riede jo dęrom seker oan om kaarten te reservearjen.
- Kulturele Kommisje Wergea -