20041218, Fries Jeugd Harmonie Orkest en Frysk bernekoar yn Bidler
    Archief
        Archief 2005
            Archief december 2005

Sneintemiddei 18 desimber sit de Bidler grôtfol muzikaal talint. Mei elkoar steane der mear as 100 muzisi op de planken!

Dy middeis is der in optreden fan it Fries Jeugd Harmonie Orkest. Yn it FJHO sit de meast talintfolle jeugd út de Fryske harmony-orkesten. Dirigent is Tseard Verbeek. Dizze middei sil it FJHO in greep dwaan út har brede repertoire. Genietsje fan de symfoanyske klanken fan dit jeugdige toporkest!

Op it programma stiet fierders in optreden fan it Frysk Bernekoar. Sûnt oardel jier is der foar Fryske bern de mooglikheid om yn it Frysk Bernekoar te sjongen. Der sjonge 40 muzikale bern yn de leeftyd fan 8 oant en mei 14 jier yn it koar, ûnder lieding fan Saskia Heeringa.
Jo kinne genietsje fan dit prachtige bernekoar dat in farieard programma sjongt fan Nederlânske, Fryske en Ingelske lietsjes, wêrby’t al in foarskot op de kryst nommen wurdt.

It programma begjint om 15.00 oere yn De Bidler en duorret oant 17.00 oere.

Wy ferwachtsje snein 18 desimber (wer) in soad belangstelling en riede dêrom oan gebrûk te meitsjen fan de foarferkeap. Kaarten foar de beide optredens by elkoar kostje 7 euro, yn de foarferkeap 6 euro. Kaarten kinne jo tusken 19.00-21.00 oere telefoanysk reservearje op nûmer (058) 2552771 of fia in mailtsje nei kkwergea@hotmail.com.

- Kulturele Kommisje Wergea -