Active Image

Fan "De reis nei de Jichtmasters' nei "Ja suster nee suster"

Active Image

Fan "De reis nei de Jichtmasters' nei "Ja suster nee suster"


Toanielferiening Halbertsma sloech dit jier foar baas op mei Ja suster nee suster en om't hja earste wurden wie mei de toanielkriich mochten hja mei dit stik ek te spyljen nei De Lawei yn Drachten; in hiele eare en...........ja wis, ek dêr de seal trije kear groatfol. In geweldich risseltaat mei har 135-jierrich bestean. Yn it fiere ferline, wy skriuwe no it jier 1901, mocht Halbertsma, nei in bulte súkses yn 'e provinsje ek ris yn in grut teater harren toanielstik foar it fuotljocht bringe; De Harmonie!!

It hat hiel wat fuotten yn 'e ierde han, mar dit ûndersteande ferhaal  is sa moai en fertsjinnet yn syn hiele hear en fear neamd te wurden.
It is Jelle H. Kooistra eartiids ferteld troch Arjen Kasje. Kooistra hat it letter op papier setten, sadwaande dat it foar it neiteam bewarre bleaun is. Lokkich mar!!!!

Jelle Dijkstra

Arjen Kasje wie jierrenlang foarsitter en letter earelid fan Halberstma. Kasje, wie in grut idealist en füleindich gehielüntMlder. Neist de Reade, de Blauwe fane, in striidrop ut de 30'er jierren fan de foarige ieu, dy't no gjin opjild mear docht. Eartiids wie der ek in ünthalderstoaniel, dêr 't Arjen Kasje ek de lieder fan wie. Hy wie in broer fan Kees Kasje, mei-oprjochter fan de sûvelbûn, dêr 't de Kasjestrjitte nei neamd is. Arjen Kasje hat him opwurke fan timmerfeint ta firmant fan de timmersaak Kasje en Van der Meer oan de Gele Eker, dêr 't no famylje Johannes Postmus wennet.

De reis nei de Jichtmasters.

It is yn it jier 1901 dat Halbertsma it stik: "De reis nei de Jichtmasters", skreaun troch dokter Eeltsje Halbertsma en foar it toaniel bewurke troch Tsjibbe Gearts van der Meulen, op 'e planken brocht. It wie net in stik sa as men doedestiids faaks spile; fan in strieminne boer en in arbeider sûnder wryt of slyt, wa's bem aardichheid oan elkoar krigen, wêr dan hiele drama's ut fuortkamen.

"De reis nei de Jichtmasters" wie mear, wat men hjoed de dei in musical neame soe, mei sjongen en dünsjen. It wurdt in grut súkses! Opfierings yn Snits en It Hearrenfean, mar ek yn de herberch "De Herder" yn Beetstersweach, dêr 't hja spilen foar de adellike baronnen lykas de Van Harinxma's , de Sytzama's, de Van Weideren Rengers, foar de doe ünwierskynlik hege priis fan f. 125,--. Mar dan kriget Halbertsma yn septimber de ferearjende ütnoeging om it stik yn Ljouwert yn'e Harmonie te spyljen op snein 19 jannewaris. Halberstma betinget wer f. 125,—, mar dat is it bestjoer fan de Harmonie te stuf, men wurdt it üteinliks iens oer f. 100,-- mitsdat sa as dat yn'e notulen stie: "Met vrije consumpties voor den spelers".

Der wurdt de léste wiken alhiel nei dit foar Halbertsma sa grutte barren talibbe en einliks is it dan sa fier. It is de sneintemoarns 19 jannewaris.
Fjouwer oere moarns......, der wurdt op it sliepkeamersfïnster fan Arjen Kasje kloppe. It is de heit fan Ike de Jong, de froulike haadrolspylster. Dy hat in mal boadskip. Ike hat slim koarts krigen, dokter derby helle en dy fun it net ferantwurde dat hja de jûns meispile.
"Zij was zeer ongesteld geworden", sa stie it yn de alde notulen. Arjen Kasje alhiel ferslein, hoe no? Fuort nei de skriuwer, kleanmakkersfeint Kees de Groot. (Kees hie letter in kleanmakkerij en kappers-saak oan 'e Greate Buorren 22, dêr 't no famylje Dolf Velde wennet en hy wie krekt as Arjen Kasje, de mannen "van het eerste uur" fan ús muzykkorps "De Kriich").

Hja halde efkes berie, mar sjogge gjin útkomst. Hja sille nei it bestjoer fan de Harmonie moatte om de útfïering op te sizzen. Hja hiene doe noch gjin fytsen, dat men moast rinnendewei nei Ljouwert. Moarns om san oere hinne steane hja op 'e steatlike stoepe fan in grut hearehûs yn 'e Sophialeane te Ljouwert. Dêr wennet de advokaat en de foarsitter fan it bestjoer fan de Harmonie; Jonkhear Mr. Van Eysinga.

It hert slacht de mannen yn 'e kiel en leafst hiene hja mar weromgongen. Hja lûke oan'e skille, dy 't hol yn de steatlike gong klinkt. Hja wachtsje en wachtsje, gjin minske, soe der nimmen thüs wêze?
Noch mar ris skilje en........ja, dêr komt immen oansloffen, it is de hûsfeint. "Wat mutte jimme hier so vroeg?", snoarret hy de beide mannen ta. Dizze sizze skruten dat hja menear efkes te wurd stean wolle. "Ja, wat denke jullie, dat ik meneer so vroeg veur voor elke skytewasje wakker make kin?"

Ja mar it is tige wichtich yn ferban mei in útfïering yn'e Harmonie".
"Nou, ik sal welris sien, meneer sal oek wel niet bot te spreken weze op dit vroege uur", en hy kletste de doar foar harren noas ticht.
Ferslein bliuwe de mannen op 'e stoepe stean. As it sprekwurd: "Zo meester, zo knecht" hjir opjild docht, wat hinget harren dan noch boppe de holle? Dan giet stadich de doar wer iepen. It is de Jonkhear Van Eysinga himsels, mar dizze Jonkhear blykt in echte hear te wezen en hy is de freonlikheid sels. Hy sjocht oan de fersleine gesichten, dat der wat te reden is en noeget harren fuort yn syn kantoar te kommen, dêr 't hja harren ferhaal dogge, dat it troch sykte-omstannichheden net mooglik is dizze jûn te spyljen. "Utsluten", sei menear, "de Harmonie is alhiel útferkocht, is der op in oar plak net in ynfalster te fynen?"

Kees de Groot mient te witten dat yn Stiens, dêr 't de bewurker Tsjibbe Gearts van der Meulen wennet, dat hja it dêr eartiids ek ris opfierd ha, mar dat moat wol in pear jier lyn wêze.
Menear is fuort út 'e rie. Op slach lit der in koets mei twa hynders en in koetsier komme en hjit de hûsfaam om foar Arjen en Kees broadsjes mei tsiis en ljirre klear te meitsjen, want hja sille wol sin ha oan in flaubyt, nei sa'n ein rinnen. Gans moediger as yn Ljouwert komme hja om njoggen oere hinne yn Stiens oan, dêr 't hja oan in ald mantsje freegje wêr as hjir Tsjibbe Gearts wennet. No dat treffe hja, sy steane lyk foar syn hûs en hy is aldergelokkichst ek noch thús. Hy noeget de mannen yn'e hûs en freget wat it boadskip is. Hja lizze de sitewaasje út, op hokker wize de saak no foar it krús sit. Soe der ek in mooglikheid wêze dat......."Ja", seit Tsjibbe Gearts, "wy ha it stik in jier of seis lyn spile en ik moat sizze, dat frommeske koe der wat fan, mar.....hja is yn dy tiid troud mei in boer út Bitgummole en hja wenje op dy en dy pleats". Op nei Bitgummole. By
de buorkerij oankaam, komt op harren folk roppen in ûnbidich swier readfallich frommes by de doar. Soe dat se no wêze?

De mannen dogge harren ferhaal. De frou seit; "It muoit my tige dat ik jimme net helpe kin, mar de lju, it wie in Wytse Falkena (Wytse en Sjoukje), binne yn maaie nei Molkwar ferhuze, wêr as hy in pleats kocht hat". Wat no? Mismoedich sette hja ôf nei Ljouwert dêr ' t hja ferslach dogge fan harren misse reis. Dochs menear is net foar ien gat te
fangen. Der moat fuort in telegram mei Molkwar en menear seach net op in sint, want "er werden geen woorden gespaard".

Sa'n telegram koe doe allinne ferstjoerd wurde fia stasjon Ljouwert nei stasjon Starum en dan moast der noch in besteller nei Molkwar, mar ja doe wisten hja noch net fan "onaangename uren". Op it stasjon moasten hja op antwurd wachtsje, mar hja troffen it. De beambte liet harren yn it wachtlokaal komme, wêr de kachel noflik snuorre, hja hiene ek noch in broadsje oerholden, dat hja koene harren dêr mar deljaan.........., al wie it ûnder-wilens wol tolve oere wurden. It waard ien oere, it waard twa oere en doe waard de beambte ôflost troch in kollega , dy 't wol famylje fan de hûsfeint fan menaear wêze koe. "Wat mutte jullie hier te sitten, ga maar buten op het perron wachten", biet hy harren ta. It waar wie der net better op wurden, it waaide dat it rikke en it reinde dat it die. En ek al stienen hja droech, hja siigden der sawat wei.

It waard trije oere en it run al nei fjouwer oere....... Dêr kaam de beambte krekt sa sunich as der mar rinne koe oansjoken mei in telegram. "Dit sal wel foor jimme weze mutte". It hert kloppet üs mannen yn 'e kiel. Hja skuorre it telegram iepen. Der stiet mar ien rigel op...........;
"Ik kom 8.18 station Leeuwarden".  Hurd, hurd werom nei Jonkhear Van Eysinga. It reau stiet al klear, de swipe der oer, op nei Wergea!!!

De ploech fan Halbertsma stie yn grutte spanning te wachtsjen by de herberch fan Tanja, no it alde Doarpshûs oan 'e Ljouwerterdyk, dêr hold de bebouwing fan Wergea op, allinne lan ûnderbrutsen troch de menniste pastorij (no dokter Renate de Groot) en it Ald Slot, dat hja koene sawat de hiele Ljouwerterdyk ófsjen. It wie al hast fiif oere en al goed skimerich, dat hja joegen de moed hast al op, ferslein binne hja allegearre. Dochs dêr........., dêr komt in koets oanfleanen met twa hynders der foar, mar dat kin dochs net mooglik wêze, mar ja hjer, Arjen en Kees spatte derut. "Foarelkoar!" Hurd, hurd ferklaaie, de oerdutsen feewein stie al klear, mei skjin strie der yn, de hynders ynslaan, op nei de Harmonie!!!!!

It is acht oere, de seal ôfladen fol en men is fansels yn Ljouwert wend, dat men op tiid begjint. Jonkhear Van Eysinga iepent de jûn en no blykt dat hy syn advokatuer yn goud wurdich is, hy praat en praat en seit it mar smout op en lit de seal soms smaaklik laitsje. It is sa 'n tweintich oer achten, it is hast healwei njoggenen. Menear kipet temûk efter it gerdyn hoe lang hy noch trochgean moat.

Arjen Kasje hat it net mear, hy kin it efter de kûlissen net mear bankje en rint nei buten, der stie dochs by it stasjon in koets mei in fjoerich span hynders te wachtsjen. Heart der noch neat.........Ja, der komt wat oanfleanen. By de Harmonie bliuwt it reau stean, der wipt in tige behindich frommeske út mei in soartemint fan pelleryntsje om, stola soe men hjoed de dei sizze. Hja trippelt op Kasje ta, dy 't har yn spanning opwachtet. "Sit mar nearne oeryn, it rint wol los", is har iennichste beskie. Sa hurd as it kin nei de grimeur en tweintich foar njoggenen swaait it doek iepen en spilet Halbertsma; "De reis nei de Jichtmasters" en sa't de alde notulen skriuwe met grut sukses. "Wat bleek uit het daverend applaus dat telkenmale bij het nederlaten van het gordijn opklaterde, zelfs bij het ophalen van het gordijn bij de laatste bedrijven was het applaus zo sterk, dat er een poos gewacht moest worden, alvorens te beginnen". It bestjoer fan 'e Harmonie is optein. Jonkhear Van Eysinga moat him fielt ha as Kroes nei it slagjen fan in alvestêdetocht! Op slach noeget hy it hiele selskip ut om mei te dinearjen yn'e bestjoerskeamer fan de Harmonie. In hiele eare, allegearre notabelen fan Ljouwert, mei dit ploechje deadgewoane hantwurkslju ut Wergea. It iten is grutte klasse en de wyn streamt ryklik en wat letter it wurdt, wat heger de stimming stiicht. Arjen dy't neist de ynfalster siet, koe it net neilitte te freechjen; "hoe koene jo dy rol nei seis jier noch sa goed ut 'e holle?"

"No" sei hja, "yn'e trein ha ik de tekst in pear kear oersjoen en yn myn pelleryntsje hie ik it boekje weistoppe en op stille mominten seach ik de tekst temûk yn. In toanielspylster fan grutte klasse dus!! It wie de moarns al oer fjouweren, dat hja wurdich mar o sa foldien en tige rûzich yn 'e holle yn Wergea oankamen.

Doe grutte konsternaasje. Arjen en Kees spuiden bloed. Wie de spanning fan de dei dochs te grut west en hiene hja der in maachblieding fan oer holden? Yn tûzen hasten mei de pasjinten nei dokter Hansma. It foei gelokkich ta, it blykte de..........reade wyn te wezen, dêr 't de mannen te folle fan preaun hiene!!

Op dat momint moat ik alde Kasje wat ferheard oan sjoen ha. Kasje en drank, dat paste dochs net? De ald man fernaam dat, glimke ris en sei; "De bluisterigens fan de jonkheid ju, doe wie ik noch gjin gehielûnthalder.

Taheakke: De namme Van Eysinga ha ik sels betocht om 't my de rjochte namme ûntsketten is. Wol moast hy fan adel wêze en master yn 'e rjochten. Hy wenne oan de Sophialaan en wie bestjoerslid fan de Harmonie, neffens Arjen Kasje.

Bron: Jelle H. Kooistra

 

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.