- Gegevens
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 03 juli 2007
UDI Uitvoering 2007
Grou. Sneontemiddei 9 juny 2007, 16.30 oere.
In wiere ynvaazje fan kloften Wergeasters en minsken ut 'e omkriten fan Wergea komme nei sporthal 'de Twine'. De lawaaitocht fan tongersdeitejûn hat fertuten dien. Op dizze waarme middei wer't noflik bûten sitte it beste is, tôchje UDI-leden mei oanhang nei de UDI-útfiering yn Grou. Senuweftige bern dy't nei harren plak ta geane. En it publyk dat in goed plak siket op de twa tribunes.
Boargemaster Schadd komt deryn mei it grutte ambtsketting om 'e nekke. Soe it protokol wêze as soe se al yn de gaten ha dat it hjir fannemiddei net samar wat is wat der troch UDI foar it Ijocht brocht wurd?
Wy krije earst shots te sjen fan ferskate UDI aktiviteiten en komme wat yn de sfear. "What a feeling het is 9 juni". De waarmte binnen falt ta. UDI-lieding dy't noch hin en wer fljocht. Dan om krekt 17.00 oere giet it Ijocht út. Sels as publiek ha jo al kribels yn it liif, lit stean de leden dy't der lang foar oefene ha en harren begelieders. De iepeningsseremoanje giet fan start. Wy komme eagen te koart safolle is der te sjen. Hjir moat in goede frijwilligersploech efter sitte want it is prachtich! Grutte lampionnen, dokes, sineeske fûgels, in wyt doek wêryn 't dûnse wurd en it publyk allinnich it skaad mar sjoen hat, neam mar op. Oeral is wat en it moaie is, it is ek noch ien gehiel. Allegearre aksje. De kampioenen fan it ôfrûne jier wurde huldige. Der is in soad talint bij dizze feriening. Agnes Sambrink fleuret tusken de bedriuwen troch, de sfear op mei muzikale yntermezzo's. Letter by de groepsoptredens is it ek dizze sjongeres dy't it wachtsjen op in oare yndieling fan de seal ynkoartet. De groepsoptredens binne hiel ofwikseljend. Somtiden fol akrobatyk, dan spannend, dan in moai plaatsje, echt alle fasetten fan de gymnastyk komme oan bod. Prachtich om te sjen binne de serieuze kopkes fan de bern, berntsjes dy't stikum as folút wuive, bern dy 't gapje en de bern dy 't ferjitte te springen om 't it dochs wol hiel yndrukwekkend is om mei te dwaan. Healwei is fansels in pauze mei ferlotting.
De twadde helte giet ek fol faasje troch. Oan it ein fan de foarstelling komt de slotdûns. It tuskendoek giet omheech en de fuotten fan alle dielnimmers sjogge we as earste. Moai gesicht. Dan de spieren noch ien kear los op de musyk fan "A brand new day".
It is dan hearlik om nei dit grutte barren wer op nei hûs. Foar de dielnimmers hat it in hiel lange dei west. De bern binne wurch, se ha oerdeis noch wakker reppeteart en it sjen nei de groepsoptredens duorre foar guon bern wat te lang. De temperatuur is ek flink oprûn en de measte grutten ha in houten gat fan 'e lange sit. Al mei al wie it in foarstelling fan formaat! Dyjinge dy 't net west hat, hat wier wat mist. Hooplik bliuwt de ynspiraasje grut by dizze feriening want it wie de muoite wurdich.
Mei rjocht mocht dit in breedte- en topsportspektakel neamd wurde. Betink it mar!
Franciske de Vries