Keninginne yn Frjentsjer, no en?

Keninginne yn Frjentsjer, no en?

Nei in oantal fergaderingen tusken ferskate ferieningen en yndividuen waard besluten om it strjitkeatsen wer nij libben yn te blazen. Op 30 april 2008 soe it, nei in ôfwêzichheid fan in oantal jier, wer organisearre wurde. Dit jier wie it Fricoterrein it plak foar in soad keatsleafhawwers.

Minsken sille raar opsjoen hawwe doe se moarns om 9 oere in oantal folwoeksen manlju en froulju op de knibbels mei stoepkryt seagen. Al flot hienen de minsken yn de gaten wêr dit foar wie. De bar fan SP Hotsma koe dizze dei brûkt wurde, sadat elk wat drinken foar him en syn teammaten helje koe, hjirfoar noch bedankt! Ek de ploechyndieling, spylskema en priislist foar it pils waarden ophongen. Noch gau even nei heit en mem foar in hapke en besyk oant 't lytste keamerke thús.

Doe't de Bidlerklok op 1 oere stie gienen de earste wedstriden los. By sawol de mannen as froulju hienen harren 18 minsken opjün, dit betekene dat der spile waard yn 2 poulkes fan 3 teams. Under de earste wedstriden waard al dúdlik dat dit in spektakulére dei wurde soe mei in heech keatsnivo. Prachtige boppeslaggen en noeste sitballen waarden it byld fan de entûsjaste taskôgers. Der wienen guons bij dy't sels op 'e betonplaten sprongen om in belangrike bal binnen te halden, helden binne dat yn myn eagen!

Sa as gewoanlik op sa'n dei wurde in soad dielnimmers in erfaring riker mar ek in yllúzje earmer. Want allinnich de Ie teams út beide poulkes kamen yn de finale. Tusken de wedstriden troch dochs al wat wetter út 'e loft, mar fan it momint of dat it wer droech waard waarden de krytsjes wer yn hannen naam.

Nei in oantal spannende wedstriden wienen der 4 teams it best op elkoar ynspyle. By de manlju wienen dat it partoer fan Peter Allema, Gerben Dijkstra en Meinte Boersma en it partoer fan Egon Sinnema, Jelle Jasper Tadema en Wietse Wijbrandi. It partoer fan Aukje Sinnema, Sabina Hoekstra en Ingrid de Jong kaam by de froulju yn de finale, sy moasten it opnimme tsjin Marit Bamboe, Ciska Braams en Jildou Kamsma.

As earste waard de frouljus finale spile, ûnder dizze wedstriid wie wol te sjen wêrom dit de teams wienen dy't út meitsje moasten wa hjoed winne soe. Nei in moaie partij wie it partoer fan Marit Bamboe de beste. Partoer fan Aukje Sinnema wie dochs al bliid mei de twadde plak.

Dernei waard de finale tusken de manlju spile. Under dizze wedstriid waard der in hiel heech nivo helle. Heiten en memmen stienen mei de bek fol tosken te sjen. Mar der kin der mar ien oan it langste ein lûke, it partoer fan Egon Sinnema.

Nei de finale partij sjoen wie ek dit de terjochte nûmer 1. Peter Allema en maten pakten dochs ek in medalje, dus ek dit partoer wie yn harren nopkes.

Nei de finales noch in pilske op it Fricoterrein om dernei hurd nei de Jeugdsoos ta te gean. Hjir waard de priisútrikking dien en krigen de medaljes in plakje foar it libben. Noch lang wie it in noflike sfear en waard der neipraten oer de middei.

By dizze wol ik noch even alle frijwilligers betanke, sûnder dizze minsken wie dizze dei net slagge. Dus set it alfêst mar yn 'e aginda foar folgjend jier! Arjen

P.S. Egon folgjend jier mar mei Jelle Jasper en Wietse nei it NK op Pinkstermoandei?

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.