De Havensbank oktober 2008: Aaisykjen
Aaisykjen
Jim sille wol tinke, no al in stikje oer it aaisykjen, it is noch lang sa fier net. Mar dat hat syn reden. Yn de krante stie lêsten dat Faunabeheer, eartiids Kritisch Faunabeheer, wer nei de rjochter stapt om it aaisykjen te ferbieden, omdat út ien as oar rapport nei foaren kaam dat de ljippestân slim efterút buorke is it lêste jier.
Ek it meinimmen fan in stikmannich aaien is yn harren eagen nea wetterticht te krijen. De BFVW hat in ekstern bedriuw ynskeakele om út te sykjen as it mooglik is in wetterticht systeem te betinken, sadat de rjochter hjirmei út de fuotten kin. It wurdt der allegearre net dúdliker op. Hokker sifers en rapporten jouwe no de trochslach om it aaisykjen foar Fryslân te behalden?

 
Der binne in pear ynstansjes dy't tendinsjeuse berjochtjouwings hantearje. Tink oan de Ljouwter Krante, dy't faak allinne mar op sensaasje út is. It begûn earst mei it net mear útrikken fan de Sulveren Ljip.
 
En no binne sy hielendal de oare kant oerslein, mei foto's en wiid-weidiche ferhalen oer aaisikers mei in weareld aaien yn de pet. Nee, dat wie it eartiids mei Hylke Speerstra yn de haadredaksje al oars.
Dan is der noch Faunabeheer, in ferfelend stel minsken, dy't alle middels ynset om it aaisykjen te ferbieden en net allinne it aaisykjen, mar alles wat yn harren eagen yn striid is mei de natuer. It ôfsjitten fan foksen, wylde bargen en guozzen moat ferbean wurde. Sy sjogge nea nei de skea dy't dy bisten oanrjochtsje.
De "media" bespylje kinne sy geweldich, mar it giet ús te fier as sy skriuwe oer it fergassen fan guozzen (dat bart sa no en dan) yn de trant fan "razzia, massaslachting, gaskamers, gesloten veewagens, verdelging. Sjoch marris op www.faunabeheer.nl. It liket ferdoarje 1940-1945 wol!!!
 
Wy, de ARAC, ús aaisykclub, hienen op 5 okt. wer ús jierlyks útstapke mei de froulju en fansels kaam boppesteande oan 'e oarder. Al 28 jier geane wy mei syn seizen ein maart fjouwer dagen it fjild yn en genietsje fan alles om ús hinne. Aasykjen is net allinne mei in pet fol aaien thúskomme, mar foaral in gefoel fan frijheid, ien wêze mei de natuer.
 
Eartiids, 28 jier lyn, ha wy ôfsprutsen om dizze fjouwer dagen gjin aaien mei te nimmen en dat dogge wy noch altyd. Begryp ús goed, bûten de ARAC om, nimme wy de aaien wol mei, allinne dizze dagen net. Dat wy hast de ienichsten binne dy't dit dogge is ús wol bekind, it is net oars.
 
Wy dogge it ek net om de ljippestan op in heger peil te bringen, dat is ûnsin. De efterútgong fan de Ijippepopulaasje hat neat te krijen mei it aaisykjen, mar mei allerhanne oare faktoren. Nee, wy dogge it gewoan, sûnder diskusje. Sake Roodbergen, âld bestjoerslid fan de BFVW, reagearre op it net meinimmen fan ljipaaien. Hy skreau ús : "De BFVW stribbet der nei om it lân iepen te halden- ûnder ûnûntkombere kondysjes foar ljipaaisikers. Hoe dy ljipaaisikers mei dy frijheid omgean wolle, moatte hja sels mar ynfolje, at se harren mar nea better of nobeler fiele as oaren". De man hat der neat fan begrepen!!
 
Dit woene wy efkes oan jim kwyt. Foar de net-aai'siker: Wy hoege neat te sizzen, want dy hat dit net lézen. Foar de aaisiker: Wy moatte ús uterste best dwaan om de neisoarch op in heger peil te bringen en te hoopjen dat der foar de greidefûgels wer bettere tiden komme.
ARAC
 
Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.